Ireen Sheer

Ireen Sheer
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ireen Wooldridge
nasjonaliteit Britsk
Dútsk
berne 25 febrewaris 1949
berteplak Romford, Ingelân
etnisiteit Dútsk-Ingelsk
wurkpaad
sjongtaal Dútsk
jierren aktyf 1960-2023
offisjele webside
ireensheer.de

Ireen Sheer (echte namme: Ireen Wooldridge; berne op 25 febrewaris 1949 in Romford, Ingelân) is in Dútsk-Britske schlagersjongeres. Hja waard twatalich grutbrocht yn Billericay, Esseks, Ingelân en gyng dêr nei skoalle ta.

Ireen Sheer is de dochter fan in Ingelske heit († 2017) en in Dútske mem († 2009). Hja waard ûntdutsen by in talintwedstriid en wurke yn de jierren 1960 tegearre mei popgroepen lykas The Family Dogg.

Sûnt 1970 wurke hja ynearsten mei Ingelsktalich wurk as solosjongeres. Om't hja twatalich grut brocht wie waard de Ingelske hit "Hey Pleasure Man" yn de ferzje "Oh Holiday" yn Dútsktalige lannen útbrocht. Njonken de single "Goodbye Mama", dy't yn de Dútske top 5 telâne kaam, krige hja noch in pear hits yn de offisjele hitlisten.

Yn 1974 fertsjintwurdige Ireen Sheer Lúksemboarch op it Eurofyzjesongfestival mei it yn it Frânsk songen "Bye Bye, I Love You", wermei't hja op it fjirde plak einige. Fjouwer jier letter waard hja foar Dútslân nei it Eurofyzjesongfestival stjoerd en einige doe mei "Feuer" op it sechde plak. Tegearre mei Margo, Franck Olivier, Chris Roberts, Diane Solomon & Malcolm Roberts fertsjintwurdige Ireen Sheer yn 1985 op 'e nij Lúksemboarch op it Eurofyzje Songefestifal mei Children, Kinder, Enfants. It liet einige doe op plak 13. Fierder besocht hja noch in pear kear oan it Eurofyzjesongfestival mei te dwaan: yn 1976 mei "Einmal Wasser, einmal Wein"en yn 2002 tegearre mei "Es ist niemals zu spät", mar is doe net fierder as de seleksje.

Tusken 2005 en 2019 hie hja nochris trije albums yn de hitlisten. Yn in karriêre fan 50 jier hat hja mear as 20 albums en mear as 110 singles útbrocht. Njonken solo-opnames song Ireen Sheer ek mei har doetiidske man Gavin du Porter en mei Bernhard Brink, Gilbert Bécaud en Cliff Richard.

Yn 2017 die Ireen Sheer mei oan it bandprojekt "Schlagerstars für Kinder" om jild yn te sammeljen foar bern yn need. De krysthit "Auf Einmal" waard yn 2017 troch de band útbrocht en yn 2018 nochris troch in grutter tal schlagerstjerren opnommen en dat jier op 'e nij mei Kryst útbrocht.

Op 27 novimber 2021 makke Ireen Sheer yn de ARD-útstjoering "Das Adventsfest der 100.000 Lichter" kundich dat hja yn 2023 mei noch in lêste rige konserten yn it lân ôfskie nimt fan har publyk.

Ireen Sheer krige ferskate gouden platen yn har karriêre. Twaris waard hja ûnderskieden mei de "Goldene Stimmgabel", nammentlik yn 1981 en 1993.

Sûnt 1973 libbet Ireen Sheer yn Dútslân. Fjouwerentweintich jier wie hja mei Gavin du Porter. Nei't hja útinoar gien wiene libbet hja sûnt septimber 2016 tegearre mei har manager yn Berlin-Wilmersdorf, mei wa't hja yn augustus 2010 troude. Yn juny 2019 frege Ireen Sheer de Dútske nasjonaliteit oan, dy't har op july 2020 ferliend waard.

Diskografy (albums)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Album Label
1972 Keine liebt dich so wie ich Polydor
1974 Nur noch einen Tanz Polydor
1974 English Favorites Polydor
1979 Ireen Sheer EMI
1991 Ireen Sheer EMI
1993 Das gewisse Etwas Activ
1995 Tanz mit mir AME
1997 Ich vermisse Dich Koch
1998 Weil Du mein Leben bist Koch
2001 Ein Kuss.. Koch
2001 Zeitlos Koch
2002 Es ist niemals zu spät (tegearre mei Bernhard Brink) Koch
2003 Leben heißt lieben Koch
2005 Bin wieder verliebt White
2007 Mein Weg zu Dir White
2008 Frei Gloriella
2009 Weihnachten mit Ireen Sheer Gloriella
2010 Männer Gloriella
2012 Heller als die Sterne Gloriella
2015 Showtime Firework
2019 Ich muss mir nichts mehr beweisen Telamo

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]