Italo-Keltyske talen

Italo-Keltyske talen
algemien
lokaasje Pontysk-Kaspyske Steppe
tal talen ±85 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers ±970 miljoen (2010)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Italo-Keltysk
subgroepen Italyske talen
Keltyske talen

De Italo-Keltyske talen binne in foarstelde klassifikaasje fan talen binnen de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dêr't de Italyske talen en de Keltyske talen by ûnderbrocht wurde moatte soene. As basis foar dy teory wurdt oanfierd dat dy beide taalgroepen beskate taalkundige skaaimerken diele soene dy't net by de oare tûken fan 'e Yndo-Jeropeeske talen foarkomme. De jildigens fan 'e Italo-Keltyske yndieling is tige kontroversjeel, mei't de measte taalkundigen fan betinken binne dat de mienskiplike taalskaaimerken fan 'e beide groepen itsij lettere parallelle ynnovaasjes binne, itsij oerbliuwsels út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske oertaal dy't yn alle oare dêrút ûntwikkele taalgroepen ferdwûn binne.

Derfan útgeande dat de Italo-Keltyske talen in jildige yndieling foarmje, omfettet de taalkloft likernôch 85 ûnderskate talen, útstoarne talen ynbegrepen. De hjoeddeistige talen út 'e groep binne de seis noch libbene Keltyske talen, dy't troch lytse oant tige lytse oantallen sprekkers sprutsen wurde yn dielen fan 'e Britske Eilannen en op it Frânske skiereilân Bretanje, en de tsientallen Romaanske talen, dy't folle mear sprekkers hawwe en wêrfan't it Spaansk, Portegeesk en Frânsk har oer grutte dielen fan 'e wrâld ferspraat hawwe. De Romaanske talen komme ntl. fuort út it Latyn, dat de lêste noch libbene fan 'e Italyske talen wie, dy't yn 'e Aldheid yn Itaalje sprutsen waarden.

Underferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterpretaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tradisjonele ynterpretaasje fan 'e beskikbere taalkundige gegevens oangeande de Keltyske en Italyske subgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske talen is dat dy beide groepen nauwer mei-inoar besibbe binne as mei de oare Yndo-Jeropeeske subgroepen (lykas de Germaanske talen, de Slavyske talen en de Yndo-Iraanske talen). Dat soe betsjutte kinne dat de Keltyske en Italyske talen ôfstamje fan in mienskiplike oertaal, it Proto-Italo-Keltysk, dy't krekt as oare oertalen foar in diel rekonstruëarre wurde kin troch ferlykjende taalkunde ta te passen. Dy taalkundigen dy't fan betinken binne dat it Proto-Italo-Keltysk in identifisearbere histoaryske taal wie, rûze dat it sprutsen wêze moat yn it trêde of twadde milennium f.Kr., op 'e Pontysk-Kaspyske Steppe en letter mooglik op 'e Balkan en yn it suden fan Midden-Jeropa.

De Italo-Keltyske hypoteze rekke lykwols de measte oanhing kwyt nei't Calvert Watkins der yn 1966 yngeand ûndersyk nei dien hie en ta de konklúzje kaam dat in oarspronklike Italo-Keltyske taalienheid ûnwierskynlik wie. Guon taalkundigen, lykas Frederik Kortlandt, holden lykwols fêst oan 'e âldere opfettings. Yn 2002 brûkten Don Ringe, Tandy Warnow en Ann Taylor in kompjûterprogramma as oanfolling op 'e tradisjonele taalkundige klassifikaasjemetoaden, en de útkomsten dêrfan wiisden derop dat it Italo-Keltysk wol deeglik in jildige yndieling wie. Yn 2007 besocht Kortlandt om ta in rekonstruksje fan it Proto-Italo-Keltysk te kommen.

It mooglike oarspronklike heitelân fan 'e sprekkers fan it Proto-Italo-Keltysk yn 'e Pontysk-Kaspyske Steppe.

De gongberste alternative ynterpretaasje fan 'e taalkundige oerienkomsten tusken de Keltyske en de Italyske talen is dat de langduorjende geografyske neite ta-inoar fan 'e gebieten dêr't it Proto-Keltysk en it Proto-Italysk sprutsen waarden, in ûntwikkeling fan parallelle taalfoarmen befoardere kinnen hawwe soe. Der soe yn dat gefal dus gjin sprake wêze fan in mienskiplike oertaal, mar fan twa oertalen dy't in saneamde Sprachbund foarmen, wêrby't se inoar oer en wer beynfloeden. It tiidrek wêryn't sok taalkontakt plakfûn soe dan letter west hawwe kinne, yn 'e twadde helte fan it twadde milennium f.Kr. en mooglik in hiel ein yn it earste milennium f.Kr. op.

It is lykwols ek mooglik dat de mienskiplike taalfoarmen fan 'e Keltyske en de Italyske talen gjin lettere ûntwikkeling fertsjintwurdigje, mar argayske restanten binne dy't beholden binne út 'e Yndo-Jeropeeske oertaal, it Proto-Yndo-Jeropeesk, wylst se yn oare Yndo-Jeropeeske taalgroepen ferlern gien binne. Dat liket de ienfâldichste ferklearring te wêzen, dêr't mienskiplik oertaalstadium, noch ier taalkontakt oan te pas komt. De Keltyske en Italyske talen diele ntl. ek beskate skaaimerken mei twa oare (no útstoarne) Yndo-Jeropeeske subgroepen: de Anatoalyske talen fan Lyts-Aazje (lykas it Hettitysk) en de Tochaarske talen fan Sintraal-Aazje. Dy oerienkomsten berêste sûnder mis op 'e oerlevering fan argaïsmen.

Taalkundige foarmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste Italo-Keltyske taalfoarmen binne:

  • De tematyske genityf op ī (dominus, dominī). Dit is wierskynlik besibbe oan 'e froulike lange ī-stam en mei de i-mutaasje yn it Lûwysk (in Anatoalyske taal). Sawol yn 'e Italyske talen (Latyn: -iosio) as yn 'e Keltyske talen (Lepontysk: -oiso, Keltibearysk: -o) binne fierders spoaren werom te finen fan 'e Proto-Yndo-Jeropeeske genityffoarm *-osyo.
  • De foarming fan 'e oertreffende trep mei ferbûgings dy't it Proto-Yndo-Jeropeeske efterheaksel *-ism̥mo werjouwe: Latynsk: fortis, fortissimus ("sterk", "sterkst"); Aldiersk: sen, sinem ("âld", "âldst"); Oskysk: mais, maimas ("mear", "meast"); wylst oare subgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske talen ynstee oertreffende treppen brûke dy't tebekgeane op it Proto-Yndo-Jeropeeske tuskenheaksel *-isto-: Sanskryt: urús, váriṣṭhas ("breed", "breder"); Aldgryksk: καλός, kalos, κάλλιστος, kallistos ("moai", "moaist"); Aldnoarsk: rauðr, rauðastr ("read", "readst").
  • It ā-subjunktyf. Sawol de Italyske talen as de Keltyske talen hawwe in subjunktyf yn 'e foarm fan -ā- dy't fuortkomt út in eardere optatyf. Yn oare Yndo-Jeropeeske taalgroepen komt sa'n optatyf net foar, mar as efterheaksel bestiet it efterheaksel -a ek yn 'e Baltyske, Slavyske en Tochaarske talen as ferbûging foar de doetiid, en mooglik is ek it foarheaksel ahh- út it Hettitysk, in Anatoalyske taal, dêrmei besibbe.
  • It ferfangen fan 'e aoristus en de folsleine doetiid út it Proto-Yndo-Jeropeesk troch ien inkele doetiidsfoarm. Dit is in ûntwikkeling dy't sawol yn 'e Italyske as de Keltyske talen frij let yn 'e taalûntwikkeling plakfûn liket te hawwen.
  • De assimilaasje fan *p troch in dêropfolgjende *-kʷ. Dy ûntwikkeling soe dan fansels foarôfgien wêze moatte oan it Keltyske ferlies fan 'e *p: Proto-Yndo-Jeropeesk: *penkʷe ("fiif"), Latyn: quīnque, Aldiersk: cóic.

Njonken dy systematyske oerienkomsten tusken de Italyske en de Keltyske talen komme der ek ynsidintele oerienkomsten foar. In foarbyld is dat de wurden foar metalen lykas goud, sulver en tin yn 'e beide taalgroepen oerienkomsten fertoane, wylst de wurden dêrfoar yn oare Yndo-Jeropeeske subgroepen hiel oars binne, bgl. Latyn: argentum, en Iersk: airgead (fan Proto-Keltysk: argantom) foar "sulver".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.