Italo-Westlike talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Súd, Súdwest- en West-Jeropa, Latynsk-Amearika, dielen fan Noard-Amearika en Afrika | |
tal talen | ±59 | |
tal sprekkers | ±860 miljoen (2017) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk ● Italo-Westlik | |
subgroepen | ● Italo-Dalmatyske talen ● Westromaanske talen |
De Italo-Westlike talen foarmje yn 'e klassifikaasje fan guon taalkundigen in taalkloft binnen de Romaanske taalfamylje, dêr't de Italo-Dalmatyske en de Westromaanske groepen by ûnderbrocht wurde. De Súdromaanske en Eastromaanske talen wurde dan as aparte groepen sjoen, dy't net ta de Italo-Westlike talen rekkene wurde, mar dêrmei op ien hichte steane. Dizze yndieling is lykwols mear op politike as op taalkundige kritearia basearre, mei't de skiedsline tusken de Westromaanske en Eastromaanske talen eins dwers troch it Italjaanske taalgebiet hinne rint.
De Romaanske talen foarmje ien fan 'e grutste subgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dêr't ek û.m. de Germaanske, Keltyske en Slavyske talen ta hearre. It ferdielen fan 'e Romaanske talen yn ûnderskate subgroepen is dreech om't dêrby taalkundige kritearia faak oantaast wurde troch politike omtinkens dy't eins neat mei taalkunde te krijen hawwe. It knyppunt is de status fan it Italjaansk. Hoewol't leken Itaalje ornaris fan 'e Switserske grins oan 'e 'Tean' fan 'e Lears ta sjogge as ien taalgebiet, rint eins de skiedsline tusken de Westromaanske en de Eastromaanske talen dwers oer it Italjaansk Skiereilân hinne.
De Italjaanske standerttaal sels, dy't fierhinne basearre is op it Toskaansk, hat alteast histoarysk mear gemien mei it Roemeensk as mei it Frânsk en it Spaansk, en heart dêrom ta de Eastromaanske talen. De dialekten út Noard-Itaalje, lykas it Lombardysk fan Milaan en it Piëmonteesk fan Turyn, hawwe lykwols mear gemien mei it Frânsk en hearre dêrom ta de Westromaanske talen. Om't in taal no ienris net ta twa ferskillende taalgroepen hearre kin, moat dat betsjutte dat Lombardysk, Piëmonteesk en de oare saneamde Gallo-Italyske taalfoarmen hielendal gjin dialekten fan it Italjaansk binne, mar selsstannige talen dy't troch histoaryske foarfallen en geografyske omstannichheden ûnder ynfloed fan it Italjaansk kommen binne te stean.
Soks is foarstanners fan 'e Italjaanske ienheid in stikel yn 'e foet. Om it hiele Italjaanske taalgebiet by ien inkele taalgroep ûnder te bringen, sadat taalfoarmen yn Itaalje fan it Sisyljaansk yn it suden oant it Lombardysk yn it noarden oantsjut wurde kinne as dialekten fan it Italjaansk, is dêrom de Italo-Westlike taalkloft betocht. Dêryn wurde de Italo-Dalmatyske talen, dy't eins mei de Balkanromaanske talen de Eastromaanske groep foarmje, oan 'e Westromaanske talen fêstkeppele. Foar dy yndieling is wat te sizzen as men poer sjocht nei de sitewaasje fan hjoed de dei. Tsjintwurdich hawwe de Italo-Dalmatyske talen foar it meastepart de mienskiplike skaaimerken ferlern dy't se oarspronklik dielden mei de Balkanromaanske talen. De measte taalkundigen binne lykwols fan tinken dat dizze yndieling histoarysk sjoen net doocht. De yndieling fan 'e Italo-Dalmatyske talen by de Eastromaanske groep is dêrom noch altyd it gongberst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |