Jan Decleir

Jan Decleir as Bonifatius

Jan Decleir (14 febrewaris 1946) is in Flaamsk akteur en grafikus, dy't in miljoenenpublyk berikte troch syn optredens yn spylfilms.

Hy debutearre as filmakteur in 1971 yn de produksje Mira fan Fons Rademakers. Hjiryn wie de tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. By bern is Decleir benammen bekend as Sinterklaas yn it berneprogramma Dag Sinterklaas en de film Het Paard van Sinterklaas. Oare opfallende rollen spile Jan Decleir ûnder mear yn de foar in Oscar nominearre film Daens, Camping Cosmos en Karakter.

Jan Decleir krige ferskate ûnderskiedings foar syn aktearwurk. Sa krige de film Antonia dêr't er yn meispile in Oscar, krektas Karakter. Hy hie ynternasjonaal bekender wurde kind, mar hy liet de rol fan smjunt yn de Bond-film The World Is Not Enough oan him foarby gean omdat er it toanielspyljen wichtiger fûn. Foar It Skaad fan Bonifatius spile er de rol fan Bonifatius.[1]

Yn 2005 einige er op nr. 13 by de Flaamske ferzje fan de ferkiezing fan De Grootste Belg.

Yn 2010/2011 spile er de rol fan Lusifer yn de foarstelling fan Theater Zuidpool wêrby't Vondels treurspullen Lusifer en Adam in ballingschap mei-inoar kombinearre waarden ta in oardeloere duorjende foarstelling. [2] Yn 2011 wegere er de Gouden Earepinning fan de Flaamske Mienskip.

Op 7 april 2011 krige er fan de Universiteit Antwerpen in earedoktoraat. [3] Yn maaie 2012 naam er de Prijs van de Vlaamse Gemeenschap voor Algemene Culturele Verdienste oan.

Jan Decleir, dy't foar syn toanieloplieding inkelde jierren les folge op de Akademy fan Antwerpen, hat ferskate útstallingen op syn namme brocht. Hiel wat jierren wurke er geregeld gear mei Fred Bervoets en Hugo Claus. Dat resultearre yn ferskate útstallings yn Galery De Zwarte Panter. Ek as grafikus makke Jan Decleir him al fertsjinstlik. Yn 2006 ferskynde by Ergo Pers de nije dichtbondel fan Erwin Mortier, Voor de Stad en de Wereld. Foar dy eksklusive útjefte makke Jan Decleir fjouwer etsen.

Jan Decleir yn 2009
Blauwe Maandag Compagnie - Ten Oorlog (1997), Jan Decleir as Richard motherfucker de derde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bonifatius-film yn it Aldfrysk op It Nijs (sjoen op 26-06-2010)
  2. Vincent Kouters, 'Jan Decleir beukt Vondel door de zaal.' De Volkskrant, 27 desimber 2010.
  3. deredactie.be 07/04/11