Jan Marcus Posthuma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Marcus Posthuma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 11 juny 1963 | |
berteplak | Dokkum | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 2,09 m | |
gewicht | 96 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal | |
O.S. | Seoel 1988, Barcelona 1992, Atlanta 1996 | |
debút | 1974 | |
karriêre-ein | 1996 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1996 1x sulver Olympyske Spullen 1992 |
Jan Marcus Posthuma (Dokkum, 11 juny 1963) is in earder Frysk follybalinternational en heart ta de 'gouden generaasje' dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta. Jan Posthuma wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.
Jan Posthuma die trijeris mei oan de Olympyske Spullen. De earste Simmerspullen dêr't Posthuma oanmeidie wie yn 1988 yn Seoel. Yn Súd-Korea waard it Nederlânsk follybalteam fiifde. Yn 1992 waard hy by de Simmerspullen yn Barselona mei it Nederlânsk team twadde efter Brazylje. Fjouwer jier, yn 1996 letter wie hy lid fan it Nederlânsk team dat goud ferovere yn Atlanta troch Itaalje yn de finale te ferslaan. Yn totaal hat Jan Posthuma 352 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]
Yn 2008 die nei ûndersyk yn it sikehûs bliken dat Jan Posthuma noaskanker hie. By syn earste frou hat Posthuma twa jonges, by de twadde frou hat er twa dochters.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|