Jean-Paul Laurens

Jean-Paul Laurens
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Frânsk
berne 28 maart 1838
stoarn 23 maart 1921 (82 jier)
wurkpaad
wurksum as skilder, byldhouwer

Jean-Paul Laurens (Fourquevaux, 28 maart 1838 - Parys, 23 maart 1921) wie in Frânske skilder en byldhouwer en ien fan de lêste grutte eksponinten fan de Frânske Akademyske styl.

Laurens ferlear syn mem doe'er noch jong wie. Wylst syn broer en heit op it lân wurken, skoalskûle er faak en makke lange kuiers.[1]

Hy wie in learling fan Léon Cogniet en Alexandre Bida. Laurens krige de opdracht om ferskate wurken te skilderjen foar de Tredde Frânske Republyk, wêrûnder it stielen ferwulft fan it Paryske stedhûs, de monumintale rige oer it libben fan Genoveva fan Parys yn de apsis fan it Pantheon, it fersierde plafond fan it Odéon Theater en de hal fan hege boargers yn it kapitoal fan Toulouse. Hy makke ek yllustraasjes foar Augustin Thierry syn Récits des temps mérovingiens.

Laurens syn erudysje en technysk masterskip waarden yn syn tiid tige bewûndere, mar yn lettere jierren waard syn tige realistyske technyk, keppele oan in teatrale mise-en-scène, troch guon keunsthistoarisy as oerdreaun didaktysk beskôge. Koartlyn is syn wurk lykwols op'e nij beoardiele as in wichtige en orizjinele fernijing fan'e histoarjeskilderkeunst, in sjenre dat by Laurens syn libben yn ferfal rekke wie.

Laurens wie professor oan de École des Beaux Arts yn Parys, dêr't er ûnder oaren les joech oan André Dunoyer de Segonzac en George Barbier. Twa fan syn soannen, Paul Albert Laurens (1870-1934) en Jean-Pierre Laurens (1875-1932), waarden ek skilders en leararen oan de Académie Julian.

Yn in soad fan syn wurk stiet de “dea” sintraal, wêrby ’t de dea as polityk statement oanfierd wurdt. Foarbylden dêrfan binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ferdinand Fabre: Le roman d'un peintre. Charpentier, Paris 1878, s. 8