Jenny Arean

Jenny Arean yn it VARA-programma Van wie is die tekst yn 1973.

Jenny Arean (Lisse, 4 oktober 1942) is in Nederlânsk sjongster, kabaretiêre en aktrise. Har werklike namme is Joanna Jenneke Josepha Klarenbeek.

Se waard berne as ienich bern fan in kelner en de sjongster Conny Renoir. Ek de mem fan har mem (Henny Verra) wie sjongster. Op har fjirtjinde seach se in show fan Wim Sonneveld en sûnttiids woe hja it kabaret yn. Se bruts de húshâldskoalle ôf en gie wurkjen as help yn de húshâlding. Begjin 1960 kaam se by it ABC-kabaret fan Wim Kan en Corry Vonk. Op advys fan Vonk feroare se har namme yn Jenny Arean.

Yn de sechtiger jierren spile se de haadrol yn populêre telefyzjemusicals (NCRV) "Er valt een ster" (1963) en "Vadertje Langbeen" (1964). Yn de jierren santich die se mei yn meardere musicals, ûnder mear En nu naar bed (1971) fan Annie M.G. Schmidt, en spile se de haadrol yn Het meisje met de blauwe hoed (1972), in telefyzjebewurking fan it lykneamde boek fan Johan Fabricius. Dêrneist die se yn 1975 in kabaretprogramma Scherts, satire, songs en ander snoepgoed mei Robert Long, Dimitri Frenkel Frank en Jérôme Reehuis.

Yn 1977 hie se in hit mei it tegearre mei Frans Halsema songen Vluchten kan niet meer, in duet út de musical En nu naar bed. Sûnt midden jierren tachtich makke se solo-programma's. Dêrneist spile se yn meardere musicals.

Arean wie fan 1963 - 1973 troud mei de akteur Huib Rooymans. It pear krige ien dochter, Myra. Begjin jierren tachtich hie Arean in relaasje mei Ischa Meijer dy't har oanmoedige in soloprogramma út te bringen. Se spilen tegearre yn fjouwer teaterprogramma's. Se is sûnt de oprjochting lid fan de Nederlânske feriening foar in Frijwillich Libbensein, en hat in eigen stichting mei de namme Godzalmijbewaren.

Soloprogramma's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Gescheiden vrouw op oorlogspad (1985)
  • Voort gaat ie weer (1986)
  • Neem je een apie voor me mee (1988)
  • Het Huishoudschoolsyndroom (1991)
  • De dame zet zich schrap (1992)
  • Alles heeft zijn prijs (1994)
  • Voorwaarts en niet vergeten (2000)
  • Jenny solo (2005)
  • Jenny Arean in concert (2007)

Teater, musical

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hooikoorts (1965/1966) (fan Noël Coward)
  • En nu naar bed (1971)
  • En God Zag Dat Het Goed Was (1983) (mei Ischa Meijer)
  • Tip Top (1995/1996)
  • Heerlijk duurt het langst (1998) Spile de haadrol om en om mei Jasperina de Jong; ek Rients Gratama spile hjiryn mei.
  • Chicago (1999)
  • Foxtrot (2001)
  • Klarenbeek en Verbrugge (2002) (mei Willeke Alberti)
  • Telkens weer het dorp (2004)
  • De Jantjes (2005)
  • Het Verschil] (2007)
  • New Grounds (2009) (mei Tango Dorado)
  • Jenny Arean en Louis van Dijk (2009)
  • Vroeger of Later (2011-2012)
  • Annie (2012-2013)

Telefyzje & film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Moker (2010, harkspul, as freondinne Toos)
  • 1964 - De Muze Van De Oude Jazz / Happy - 7"single - PHILIPS - JF 327 663
  • 1966 - Niet Zonder Jou... Daarom... - 7"FD - NVV - SHOL 548
  • 1968 - De Meisjes Van Het Theater / De Bloem Van Het Thorbeckeplein - 7"single - PHILIPS - JF 333 987
  • 1968 - Jenny - 12"LP - PHILIPS - XPY 855 068
  • 1969 - Dag Lieve Sterren (Goodmorning Starshine) / Kinderen - 7"single - PHILIPS - JF 336 022
  • 1986 - Jenny Arean - 12"LP - EMI - 1A 068 127348 1
  • 1991 - Jenny Arean Zingt Ischa Meijer - CD - DE JONGSTE DAG - CDJD 12 JA
  • 1992 - Op Reis: Stormy Weather + Lichtmatroos + Het Mes + Naar Engeland Varen + Every Time We Say Goodbye + Liefde Negentientwintig - CDS - BRIGADOON - BIS 003
  • 1993 - De Dame Zet Zich Schrap - CD - BRIGADOON - BIS 007
  • 1994 - Alles Heeft Zijn Prijs - CD - BRIGADOON - BIS 009
  • 1994 - Iemand Moet Het Doen - CD - MERCURY - 518 909 2
  • 1998 - Heerlijk Duurt Het Langst - CD - QUINTESSENCE - QS 900 914 2
  • 1999 - Voorwaarts En Niet Vergeten - CD - BRIGADOON - BIS 043
  • 1999 - Portret - 2 CD's - BRIGADOON - BIS 029
  • 2001 - Big City Amsterdam + Amsterdam - CDS - REFERENDUM BINNENSTAD -
  • 2004 - Leve De Bouwput - CDS - LEVE DE BOUWPUT -

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: