Sems wie in soan fan Sem IJsbrandts en Claesgen Adriaens.[1] Yn 1581 liet syn heit him ynskriuwe as studint fan de Universiteit Leien. De húshâlding wenne doe op de Marendorp Landzijde, op de hoeke fan de Lange Hooglandse Kerksteeg yn Leien. Heit die himsels tekoart troch bûtenwenstich drankgebrûk yn 1585.[2] Johan folge gjin oplieding oan de universiteit fan Leien want de yngenieursoplieding dêre begûn pas yn 1600. Hy hat it fak faaks yn de praktyk leard.[3]
Titelblêd Practijck des Lantmetens, 1600Kaart fan Ljouwert fan Sems, 1603
1599 festige Sems him as sidekeapman yn Ljouwert.
1600: Publikaasje fan Practijck des lantmetens, in learboek fan Jan Piters Dou, yn 'e mande mei Sems, ferskynd by Willem Jans Blaeu. It wurk wie fan heech nivo en waard brûkt by de Yngenieursoplieding, stichte fan Simon Stevin.
1602: Sems waard beneamd ta lânmjitter fan Fryslân.
1603: Hy makke in sekuere kaart fan Ljouwert, dy't fan Pieter Bast gravearre waard.
1616: Sems wie fan 30 april ôf oan belutsen by in ynpoldering by Bredstedt; dêrnei by de útwreiding fan Kopenhagen, c.q. it kanaalsysteem fan Kristiaanshaven op Amager.
1618: Sems waard 6 janewaris weromroppen út Denemark fanwege in grinskwesty by Ter Apel mei de provinsje Drinte
Om 1623: Sems waard beneamd ta dykgraaf yn Bunder Neuland.
1623: Sems wennet yn Grins. Utjefte fan syn boek De arithmetische fundamenten yn Emden.
1625: De polder by Bredstedt waard troch in stoarmfloed fuortslein.
1626: Sems krige opdracht it gea benoarden Piterbuorren yn kaart te bringen.
1628: Sems wie op 'en nij belutsen by de skânsen yn East-Grinslân.
1629 en 1632: Op de roerende goederen fan Sems waard beslach lein, om reden fan wanbeteljen.
Yn 1634 siet Sems yn Nederlânsk-Brazylje, dêr't er as yngenieur mei de oanlis fan fortifikaasjes fan oermastere stêden belêstige wie.[5]
1635: Sems stoar hommels, nei alle wierskyn ier 1635 yn Grins (grif foar 8 febrewaris 1635).[5] Syn widdo troude 1636 mei de kaptein Jochum Bastijaen Coen.[6]
Sems wie troud mei Baerthe van Soutelande; hy troude fannijs mei Catharina Jans.[7]
↑Lettere mjittingen hawwe útwiisd, dat it ferlingde fan de Semsliny de Martinitoer op 532 meter mist (boarne Cultuurhistorisch beheer: Een projectleider aan het woord)