Johnny van Doorn | ||
![]() | ||
![]() | ||
Johnny ("the Selfkicker") van Doorn (foto Tom Ordelman) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Johnny the Selfkicker | |
echte namme | Johnny van Doorn | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 12 novimber 1944 | |
berteplak | Beekbergen | |
stoarn | 26 jannewaris 1991 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | gedichten, koarte ferhalen | |
útjouwer | De Bezige Bij | |
offisjele webside | ||
Van Doorn yn de DBNL |
Johnny van Doorn (Beekbergen, 12 novimber 1944 – Amsterdam, 26 jannewaris 1991), alias Johnny the Selfkicker, wie in Nederlânsk skriuwer, dichter en foardrachtskeunstner.
Van Doorn waard berne yn Beekbergen en groeide op yn Arnhim. Fanwegen de Slach om Arnhim wiene syn âlden nei Beekbergen útwykt. Hy hie in Nederlânske heit en in Dútske mem.
Hy stie bekend om wat er in 'oerdicht' neamde: in gedicht werombrocht nei de oarsprong, nammentlik hurde lûden dy't alhiel neat mear op wurden lykje. Van Doorn, dy't ek optrede ûnder de pseudonimen Electric Jesus, Meester van de Chaos en Electric Goebbels, waard nasjonaal bekend nei in troch Simon Vinkenoog organisearre poëzyjûn yn teäter Carré yn 1966.
Van Doorn wie ynearsten net botte populêr yn syn tiid; syn wize fan foardragen joech in soad argewaasje. Hy like by syn foardrachten – ûnder ynfloed fan alkohol en drugs – yn in folslein ekstaze te kommen. Yn syn gedichten kaam it oermjittich drugsgebrûk geregeld oan 'e oarder. Mei troch syn 'reputaasje' as drugsbrûker en syn nije ideeën yn de keunst waard er sawol hate as dierber fûn. Ek de ynhâld fan syn gedichten, fol rare wurden en faak mei eksplisite ferwizings nei seks of drugsgebrûk, wie rjochte op skokeffekt.
Hy spile mei Cherry Duyns en Armando yn it VPRO-programma Herenleed.
Van Doorn ferstoar flak nei it beëinigjen fan de teätershow Herenleed oan de gefolgen fan kanker yn de âldens fan 46 jier.
Yn Arnhim is in plein nei Van Doorn ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |