Jukeboxmusical

In jukeboxmusical is in toanielmusical of filmmusical wêryn't alle of it grutste part fan 'e opfierde lieten bekende popferskes binne ynstee fan nije komposysjes. Guon jukeboxmusicals brûke in breed ferskaat oan lieten en sykje dy dan ornaris út om by de plotûntwikkelings fan it toanielstik of de film te passen. In foarbyld dêrfan is de tekenfilm Trolls, fan DreamWorks Animation, út 2016. Oare jukeboxmusicals hâlde it by de muzyk fan ien artyst of ien band. Foarbylden dêrfan binne de musical Mamma Mia, út 1999, en de dêrop basearre film Mamma Mia!, út 2008, mei de lieten fan 'e Sweedske band ABBA.

Toanielstikken of films wêryn't it ferhaal net ûnderbrutsen wurdt trochdat de akteurs yn sjongen útbarste, mar wêryn't lieten foarkomme om't se ûnderdiel útmeitsje fan it ferhaal, lykas yn in biografyske film oer in sjonger of sjongster of in film oer in band, wurde net beskôge as musicals en dêrom ek net as jukeboxmusicals. Revu's sûnder plot dy't gebrûk meitsje fan bekende muzyk kinne likemin oantsjut wurde as jukeboxmusicals. By musicals dy't sawol bekende as folslein nije ferskes omfetsje, lykas Singin' in the Rain, út 1952, is it in kwestje fan miening oft se jukeboxmusicals binne of net.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.