It kabinet-Rutte II, ek wol it kabinet-Rutte-Asscher neamd, wie in Nederlânsk kabinet fan 5 novimber 2012 oant 26 oktober 2017. It bestie út de partijen VVD en PvdA en stie ûnder it foarsitterskip fan Mark Rutte; fise-premier wie Lodewijk Asscher. Yn de Earste Keamer hat it kabinet nea in mearderheid hân, en yn de Twadde Keamer allinnich oant 7 novimber 2016. It wie it earste Nederlânske kabinet sûnt 1998 dat de folsleine regearperioade folmakke en teffens it langstsittende Nederlânske kabinet sûnt de Twadde Wrâldkriich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|