It kabinet fan Nederlân bestiet út alle ministers en steatssekretarissen fan it sittende regear. In kabinet wurdt altyd ferneamd nei de minister-presidint, op deselde wize as it hjoeddeistige kabinet-Rutte IV. De leden fan it kabinet komme gear yn de ministerried, alhoewol’t allinnich de ministers stimrjocht hawwe. Steatssekretarissen moatte útnoege wurde om diel te nimmen oan it petear.