Kanaryske kwartel

Kanaryske kwartel

Opdobbe fossile bonken fan 'e skonken en wjukken fan 'e Kanaryske kwartel.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai kwartels (Coturnix)
soarte
Coturnix gomerae
Jaume, McMinn & Alcover, 1993
útstoarn (fossyl)
ferspriedingsgebiet

De Kanaryske kwartel (wittenskiplike namme: Coturnix gomerae) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). Fan dit bist binne fossile resten weromfûn op 'e Kanaryske Eilannen.

De Kanaryske kwartel liket yn syn fersprieding beheind west te hawwen ta it eilân La Gomera, yn 'e Kanaryske Eilannen.

De gongbere teory is dat de Kanaryske kwartel útstoarn is troch oerbejaging nei't La Gomera kolonisearre waard troch de minske. De Kanaryske Eilannen wurde yn elts gefal fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf troch de minske bewenne, mar der binne teoryen dy't dy datum tûzenen jierren opskowe tebek yn 'e tiid. It tinken is dat mooglik net de minsken sels, mar de katten dy't se meibrochten ferantwurdlik west hawwe kinne foar it útstjerren fan 'e Kanaryske kwartel.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kanaryske kwartel wie in selsstannige kwartelsoarte, mei as meast opfallende skaaimerk skonken dy't 10,85% langer en teffens robúster wiene as dy fan 'e nau besibbe, noch libbene (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix) (dy't ek lânseigen is op 'e Kanaryske Eilannen).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.