In kapittel (fan it Latynske capitulum, capitellum) of stift is in geastlike mienskip of in bestjoerskolleezje fan almeast katolike, anglikaanske en ek wol lutherske geastliken ferbûn oan in katedraal, kapitteltsjerke of kleaster. De namme kapittel waard oan it kolleezje jûn om't der by gearkomsten yn de kapittelseal in kapittel of haadstik út de Bibel foarlêzen waard. De leden fan sa'n kapittel hjitte sekuliere kanunniken. Ek oan guon kleasters en ridderoarders binne kapittels ferbûn, en yn dat gefal wurdt der fan in regulier kapittel en reguliere kanunniken sprutsen. Dêrnjonken kin in kapittel ek ferskate oare betsjuttenissen hawwe.
Yn de sechsde iuw Benediktynske muontsen begûnen harren deistige gearkomsten mei it lêzen fan in haadstik út de Bibel of in kop fan de reglemint fan de oarder en sa stadichoan waard de útdrukking "byinoar komme foar it haadstik" (convenire ad capitulum) de betsjuttenis foar de gearkomste ynstee fan de orgaan sels. It plak fan sokke gearkomsten waard bekend as de kapittelseal.
Under geastlike of reguliere kapittels wurde kapittels mei bedoeld dy't in kleasterregel folgje. Leden fan in kleasteroarder wurde net oantsjut as muontsen, mar as kannuniken of koarhearen. Foarbylden binne de Augustiner Koarhearen, Antoniters en krúshearen
Ta ûnderskaat fan kapittels ferbûn oan kleasters, wurde oare tsjerklike kapittels oantsjut as wrâldlike, kollegiale of sekuliere kapittels. Soks jout oan dat dy kannuniken gjin kleasteroarder folgje. Sokke kapittels komme hjoed-de-dei amper mear foar. Oant de Frânske tiid (yn protestantske gebieten oant de Reformaasje) wiene dat meast machtige feodale ynstellings, dêr't gauris net-ervjende soannen út aadlike famyljes in plak fûnen.
Der binne ûnderskate kapittels:
Ek ridderoarders sa as de Johanniteroarder of de Dútske Oarder kamen byinoar yn kapittels.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|