Kartularium

Kartularium fan Quimperlé út de alfde iuw

In kartularium (fan it Midsiuwsk Latyn: cartularium, Klassyk Latyn: charta "papier"), ek pancarta of codex diplomaticus neamd, is in Midsiuwsk register of rôlen (rotulus) dy't akten en oarkonden befettet. Dy ôfskriften befetten almeast oarspronklike dokuminten oangeande de stifting, privileezjes en wetlike rjochten fan tsjerklike en sekulêre bestjoerlike ienheden, ûnderrjochtynstellings of famyljes.

De term kin ferwize nei it sammeljen fan oarspronklike dokuminten bondele yn ien ynhâld of oaninoar taheake sa't se ien rôl foarmje.

In kartularium kin yn de foarm fan in boek of kodeks ferskine. As der tusken de ôfskriften oare saken oan taheake waarden, wurdt der fan in kronyk sprutsen.