Kerosine, petroalje of piteroalje is in by fraksjonearre destillaasje fan ierdoalje ferkrigen middenfraksje, folgjend op de benzinefraksje. It wurdt makke by in kôktrajekt fan ± 150 °C – 290 °C. It is in mingsel fan alifatyske (paraffine en isoparaffinen) en syklyske (aromaten en naftenen) koalwetterstoffen en befettet wikseljende hoemannichten soerstof- stikstof- en swevelferbinings fan koalwetterstoffen. Kerosine hat in energetyske wearde fan 43,1 MJ/kg, fergelykber mei dy fan diseloalje. De soartlike massa is 0.78-0.81g/sm3.
Foardat benzine en de benzinemotor yn swang rekken wie kerosine it meast brûkte ierdoaljeprodukt en waard dêrom nei de grûnstof ek "piteroalje", "petroalje", "peteroalje" of koartwei "peut" neamd. It waard benammen brûkt yn it húshâlden, foar ferwaarming, koaitsjen en as lampoalje foar ferljochting.
Kerosine as brânstof ("Jet A1") wurdt brûkt yn strielmotors, turboprops en turbofans fan fleantugen.
By de Nederlânske kriichsmacht wurdt deroer tocht om oer te skeakeljen fan disel nei kerosine as brânstof (boarne?). Kerosine is op miljeu- (it ferbaarnen fan kerosine feroarsaket sechtich persint minder ruotútstjit) mar ek op finansjeel gebiet (de priis fan kerosine leit in stik leger as dy fan disel) geunstiger yn it gebrûk.
Reaktive metalen, lykas kalium en natrium, wurde faak ûnder piteroalje bewarre omdat se yn 'e iepen loft reagearje mei de dêr oanwêzige wetterdamp.