Kingsburgh (Skye)

Kingsburgh (Skotsk Gaelysk: Cinnseaborgh is in delsetting mei fersprate buorkerijen, oan de Loch Snizort Beag op it skiereilân Trotternish fan it eilân Skye yn de Skotske Heechlannen. Kingsburgh leit 9 km besuden Uig.

Kingsburgh is ferneamd as plak dêr't Flora MacDonald wenne nei't sy Bonnie Prince Charlie holpen hie om nei Frankryk te ûntkommen nei't er ferslein wie yn de Slach by Culloden.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Kingsburgh" Gazetteer of Scotland. Sjoen 15 jan. 2011.