Kit Fisto

Kit Fisto
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Nautolaan
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Saesee Tiin
Agen Kolar
Plo Koon
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2002

Kit Fisto is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Nautolanen, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Kit Fisto waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). It personaazje waard yn dy film spile troch akteur Zachariah Jensen en yn it ferfolch Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) troch Ben Cooke. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Fisto ynsprutsen troch stimakteur Phil LaMarr.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn en iere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kit Fisto wurdt berne as in Nautolaan op 'e planeet Glee Anselm, dy't de thúswrâld fan 'e Nautolanen is. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Nei't Fisto Jedi-master wurden is, nimt er in jonge Mon Calamari, dy't Nahdar Vebb hjit, oan as syn padawan en ûnderrjochtet him oant er syn oplieding ta Jedi-ridder foltôge hat.

Kloane-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, wurde de Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis finzen nommen troch greve Dooku, de lieder fan 'e separatisten. Dyselde feroardielet harren ta de deastraf yn 'e Petranaki Arena yn it gefjocht mei ferskuorrende wylde bisten. Kit Fisto is ien fan 212 Jedi dy't troch Mace Windu, de foarsitter fan 'e Hege Jedi Ried, meinommen wurde nei Geonosis om Kenobi en de oaren te befrijen. As ien mar in minmachtich groepke oerlibbet Fisto it gefjocht yn 'e arena en teffens de dêropfolgjende Earste Slach om Geonosis.

Dat treffen liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, en Fisto wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat. Yn 'e oarloch fjochtet er mei yn in grut tal konfrontaasjes mei de fijân, te begjinnen mei in geheime misje nei de planeet Hissrich. Letter efterfolget er mei syn eardere padawan Nahdar Vebb in romteskip dêr't de ferriedlike ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje Nute Gunray mei reizgje soe. Dat liedt harren nei it haadkertier fan 'e separatistyske opperbefelhawwer, de cyborg generaal Grievous. By in besykjen om Grievous út te skeakeljen, komt de oermoedige Vebb om. Fisto wit sels mar nauwerneed te ûntkommen.

Tsjin 21 f.Sl.Y. is Kit Fisto beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Hy nimt, yn 'e mande mei trije oare leden fan 'e Hege Ried, Adi Gallia, Plo Koon en Saesee Tiin, diel oan 'e rêding op Lola Sayu fan in team ûnder lieding fan Kenobi, Skywalker en Ahsoka Tano, dat earder útstjoerd wie om 'e finzen nommen Jedi-master Even Piell en luitenant-kolonel Wilhuff Tarkin te befrijen.

As op 'e wetterwrâld Mon Cala it iene lânseigen ras fan bûtenierdske wêzens, de Mon Calamari, partij kiest foar de Galaktyske Republyk, mar it oare, de Quarren, foar de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, driget in boargeroarloch. Fisto wurdt nei de planeet stjoerd om 'e Mon Calamari by te stean. De troepen fan 'e Republyk driigje lykwols ûnder de foet rûn te wurden en Fisto en ferskate oaren moatte ûnderdûke. Hy wurdt likegoed fûn en finzen nommen, en yn finzenskip wurdt er ûnderwurpen oan marteling foar't er befrijd wurde kin. Fersterkings yn 'e foarm fan Gungaanske frijwilligers ûnder lieding fan ôffurdige Jar Jar Binks en generaal Roos Tarpals arrivearje krekt op 'e tiid om in nederlaach foar de Galaktyske Republyk op Mon Cala tsjin te kearen. Nei't oan it ljocht brocht is dat de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels fan doel is de Quarren te ferrieden, keare de Quarren har tsjin 'e separatisten, wêrnei't dy mei feriene krêften ferslein wurde.

Nei de kampanje op Mon Cala nimt Fisto tenei in aktivere rol yn 'e Hege Jedi Ried op him. Hy is behelle yn riedplachtings oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, yn 19 f.Sl.Y., wêrby't de lieders fan 'e Jedi Oarder behalven de stân fan saken yn 'e oarloch ek besprekke hoe't se mei kânselier Palpatine oan sille, dy't himsels ûnder it mom fan 'e troch de oarloch feroarsake needsitewaasje withoefolle bykommend foech ta-eigene hat en net ree liket om dêr frijwillich wer ôfstân fan te dwaan.

Koarte tiid letter komt Anakin Skywalker mei it nijs dat kânselier Palpatine oan him bekendmakke hat dat er eins nimmen oars is as de Sith-master Darth Sidious, dy't efter alle tsjinrampen sit dy't de Galaktyske Republyk de lêste desennia troffen hawwe. Mace Windu set mei Kit Fisto en twa oare Jedi-masters fan 'e Hege Jedi Ried, Saesee Tiin en Agen Kolar, nei it kantoar fan 'e kânselier ta om him te arrestearjen. Palpatine jout himsels lykwols net sûnder slach of stjit oer en der brânt in gefjocht mei de ljochtsabel los. Yn 'e earste pear sekonden fan dat gefjocht wit Palpatine fuortendaliks al Tiin en Kolar oer it mad te kommen en te deadzjen. Fisto hâldt it kwealk langer fol en wurdt ek al rillegau troch de Sith-master delhoud mei de ljochtsabel.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono