Kommersyl

Kommersyl
Kommerzijl
It Kommersylsterdjip yn Kommersyl (2010)
It Kommersylsterdjip yn Kommersyl (2010)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 500 (2023) [1]
Oar
Postkoade 9880-9882
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Kaart
Kommersyl (Grinslân)
Kommersyl

Kommersyl[2] (Grinslânsk: Kommerziel, Nederlânsk en offisjeel Kommerzijl), oant ein 17e iuw Opslachtersyl neamd, is in dykdoarp yn de gemeente Westerkertier yn de Nederlânske provinsje Grinslân, lizzend oan de Kommersylsterdjip, dat nei it doarp fierdergiet as Kommersylster Ryd en útrint yn it Ryddjip. Oan de westkant leit de Ruigewaard en oan de eastkant it Humsterlân. Kommersyl hat 577 ynwenners (1 jannewaris 2012). De Grinslanner skelnamme foar de ynwenners is Spierens (spjirrings), mooglik omdat se eartiids tige meager fûn waarden.

Oant midden 17e iuw wie de namme Opslachtersyl in swang foar syl en doarp. De namme Kommersyl wurdt foar it earste neamd yn 1602. It efterheaksel -syl ferwiist nei de skutslûs (syl) wêrby 't it doarp ûntstie. Foar de stamme kommer binne twa ferklearrings: It soe ferwize kinne nei de kom (haventsje) efter de dyk, dêr't de skippen leine of it soe ferwize kinne nei de 'kommer' (de soarch) dy't mei oanlis en ûnderhâld fan de syl anneks wie. De skâns en de syl binne werom te sjen yn it wapen fan Kommersyl, dat foar it 400-jierrich bestean ûntwurpen waard.

Untstean fan Kommersyl

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart foar 1600 sil Kommersyl ûntstien wêze. De âldst bekende fermelding fan dit doarp stiet optekene yn in ôfrekken út lannen dy't de provinsje fan de ophefte kleasters oernomd hie. Rintmaster Johan Lutma registrearre dat jier oangeande besittings fan it eardere nonnekleaster yn Kuzemer in jierlikse rinte fan 3 daalder, ôfkomstich fan de Wybesmaheerd, lizzend by "Kummerzijll". It doarp dat noch net folle mear wie as in pear huzen by in nije slûs, wie doe dus al ûnder dy namme bekend. As eigenaresse fan de Wybesmaheerd waard Ursula Canter neamd, de rike widdo fan Evert fan Asschendorp. Hja hie om 1595 de Reitsemaboarch yn Grijpskerk kocht.

Foarskiednis: Skâns de Opslach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it plak fan Kommersyl wie om 1572 in skâns oanlein (fjouwerhoekich mei 4 rûndielen) op fersyk fan Wigbold fan Ewsum, de boarchhear fan Nienoard yn De Like. Hy hie earder op bûtenlânske reizen ynspiraasje opdien foar 'selnearing' (sâltwinning) út floedwetter. In jier earder hie Wigbold in kompanjy oprjochte (Nordsalzburg) dy't yn dit gebiet, dat yn iepen ferbining stie mei de see, mei sâltwinning begûn wie út de sâlthâldende feanlaach dy't ûnder de boppeste klaailaach siet. De Skâns wie nedich om it terrein fan de kompanjy te beskermjen, benammen tsjin de geuzen, dy't yn 1572 Brielle ferovere hiene en dêrnei allegeduerigen ynfallen diene yn dizze kustgebieten. Omdat by de oanlis fan de skâns de dyk bylâns de útwetteringsryd ferhege waard, krige de skâns de namme "De Opslach". De leden fan de kompanjy krigen lykwols spul, wat útrûn op in besetting fan de skâns troch Fan Ewsum sels yn 1577 neidat faktor Raesfeld him wegere hie jild te beteljen. Twa jier letter waard de kompanjy ûntbûn. De sâltsiederij stoppe doe (de namme fan it doarpshûs 'de Soltketen' herinnert noch oan dy sâlttsjettels dy't der foar brûkt waarden), mar de skâns derfoar bleau, sij it dat de stêd Grins út lilkens oer de besetting fan dizze relatyf strategysk lizzende skâns troch 'Ommelanners' drige har te sljochtsjen.

Troch it "ferrie" fan de steedhâlder Rennenberg yn 1580 kaam de stêd Grins mei de Ommelannen, Drinte en grutte stikken fan Oerisel en Lingen wer yn katolike, Spaanske hannen. Fryslân kaam mei súkses yn opstân en waard hielendal Steatsk en as gewest oan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen tafoege. Troch de geografyske lizzing krigen doe de Bomsterskâns (dêr't Niezijl ûntstean soe) en de Opslachterskâns in wichtige strategyske betsjutting. De Bomsterskâns waard in jier letter troch de Steatske troepen ferovere en soe dêrnei jierrenlang it ienichste plak yn de Ommelannen bliuwe dêr't de Spanjerts neat mear te sizzen hiene.

De flakbylizzende Opslachterskâns bleau lykwols hieltyd fan besetter wikseljen; Rennenberg liet de skâns yn it earstoan sljochtsje, mar dêrnei waard dy ferovere troch wettergeus Diederik Sonoy, dy't him wer opboude en der in garnizoen pleatste. Yn 1580 belegere Rennenberg de skâns nei syn oerwinning yn de Slach op de Hardenbergerheide, wêrnei't út Fryslân wei in ûntsettingsleger fan 200 man ûnder lieding fan Gerrit fan Renesse stjoerd waard, dat lykwols ferslein waard op de dyk by Visvliet. De besetting joech him dêrnei op 3 july 1580 wegens fiedselgebrek oer en krige in frije ôftocht ûnder betingst fan 3 moannen wapenstilstân.

Op 28 july waard de skâns wer ynnomd troch de steatske lieder Filips fan Hohenlohe-Neuenstein doe't de Spanjerts drok dwaande wiene mei it Belis fan Delfsyl, dat lykwols in dei letter ferovere waard. Rennenberg sloech doe fannijs it belis foar de fersterke skâns, wêrnei't de sitewaasje him herhelle; de ferdigeners joegen de skâns op, op betingst fan in frije ôftocht. Rennenberg liet de skâns doe opnij sljochtsje en stuts alles yn de brân wat mar baarne woe.

Mar neidat steatske troepen yn in tarieding om te besykjen Grins te feroverjen de skâns by Enumatil ferovere hiene, liet Verdugo de Opslach wer opbouwe yn 1589 ûnder lieding fan Lambert de Croisellers mei as doel in daam oan te lizzen om de Ryd ôf te sluten en sa de Bomsterskâns (dy't al ferskate kearen omdoch belegere wie troch de Spanjerts en in skoft it ienige Steatske steunpunt foarme yn de Ommelannen) ôf te snijen fan de tafier oer see. Foar de weroanlis waarden materiaal en wurkkrêften ronsele ûnder de befolking, dy't dêrom net echt meiwurke, sadat de bou fertraging oprûn. Verdugo werovere doe yn 1590 de skâns by Enumatil, mar de ierden daam wist de Ryd lykwols net te kearen. It besykjen om dy te fersterkjen mei dykfoarken mislearre trochdat de befolking bewearde dy net te hawwen, ek net nei driging mei ynkertiering. In ûnferwacht trije dagen duorjende stoarm op 16 augustus 1590 late ta in oerstreaming fan it Spaanske kamp, wêrby't in soad soldaten en harren froulju ferdronken. Yn 1591 begûn in grut steatsk offinsyf, wêrby't de skâns wer belegere waard. De Lúksemburchske befelhawwer Johan de Quenoy la Ville woe him pas oerjâan (mei frije ôftocht) neidat de Steatske troepen it rûndiel platsketten hiene. Doe't yn 1594 de stêd Grins troch de steedhâlders Maurits en Willem Loadewyk ynnomd waard, koe it gewest Stad en Lande einliks as lêste by de Republyk foege wurde. De beide neamde skânsen ferlearen harren militêre bestjutting en waarden koart dêrnei foar it grutste part sljuchte.

Mei it ôfbrekken fan de skâns kamen de earste plannen foar it ôfdamjen fan de Ryd, diskear mei in syl, dy't tsjinne as spuislûs en skutslûs. De provinsje liet yn 1595 stiennen en hout fan de kleasters fan Aduard en Kuzemer, dy't konfiskearre wiene as ûnderdiel fan de reduksje, efterút lizze foar de oanlis fan dizze syl. Der ûntstie lykwols ûnienigens oer de ferdieling fan de kosten fan oanlis tusken de lâneigeners fan Langewold en Humsterlân oan de iene kant en dy fan it fierder fuort lizzende Vredewold oan de oare kant. Dêrom stelde de provinsje in kommisje yn dy't it skeel wat by wist te lizzen.

Yn 1598 waarden in foarlopige syl en in dêrby hearrende dyk foltôge. Efter dy dyk lei om samar te sizzen in kom, dy't mei eb leechrûn en him by floed wer folde mei seewetter fan de Lauwerssee. De skippen fûnen hjir beskûl. Op de kaart is te sjen, dat it doarp yn in trachter fan diken leit en de Lauwerssee de buorman wie. It bestjoer oer de syl kaam yn hannen fan trije grytmannen; fan de Nijeslotersyl, Bomstersyl en de Niehoofdstersyl (de trije earder neamde gebieten), dy't mei inoar it Opslachtersylfest foarmen (midden 17e ieu wizige yn Kommersylfest, dat fergadere yn Kommersyl. De útwetteringsslûs bleau yn gebrûk oant 1877 (doe't de seeslûs by Sâltkamp yn gebrûk nomd waard), de Kommersylfest gie yn 1864 op yn it wetterskip Westerkertier, dat yn 1995 opgie yn it Noardersylfest. Yn in dokumint út 1651 wurdt skreaun oer twa silen. Om dy silen ûntstie it doarp Kommersyl, dat oant 1672 ek yn dokuminten neamd wurdt as Opslachtersyl (opslach betsjutte 'opsmiten skâns').

Bûten de syl sluet it Kommersylsterdjip middels in fargeul oan op De Lauwers, mar dit 'Oude Canaal' slike ticht yn de 17e iuw, wêrnei't yn 1738 besluten waard ta it graven fan it 'Nieuwe Canaal' nei it Botsgat yn it Reitdjip (foar 32.157 gûne, in slompe jild foar dy tiid). By it Botsgat waard gjin slûs oanlein, sadat de Kommersyl har funksje hold. De syl waard yn 1787 hielendal opnij opmitsele út stien. De trije destiidske grytmannen lieten dêryn harren wapen úthouwe, mar nei de Bataafske Revolúsje waarden dy wapens der wer ôfhoud, miskyn folgjend op in oerheidspublikaasje út 1798, wêryn't oproppen waard ta it weiheljen fan wapens út publike gebouwen, tsjerken, fan koetsen en soksoarte. Neidat de slûs yn 1877 har funksje ferlear, waard dy om 1900 ferfongen troch in nijen-ien dy't brûkt waard foar de wettertrochlitting en waterkearing en as kearslûs. By de slûs waard yn 1902 in slûswachterswenning boud.

Oan de ein fan de 20e iuw wie de slûs ferfallen en waarden de ferrotte slûsdoarren weihelle omdat se in gefaar opleveren foar de wetterrekreänten. Dernei binne noch gjin nije doarren pleatst.

Skiednis fan it doarp

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kommersyl ûntstie as in buorskip (plak sûnder tsjerke) yn it lân efter syl en dyk. Al begjin 17e iuw stie der al in mûne, omdat in dokumint út 1628 sprekt fan de sloop dêrfan yn opdracht fan Provinsjale Steaten; it tal mûnen yn de provinsje wie oan in maksimum bûn. Om 1650 waard omdôch besocht om in legere skoalle fan de grûn te krijen yn it doarp. By de folkstelling fan 1795 wennen der noch mar 95 minsken (op 'de Waarden' wennen lykwols noch 288 minsken), mar mei de bediking fan de Ruigewaard troch de út Fryslân kommende bruorren Teenstra (op eigen kosten binnen twa jier) yn 1797 feroare dit. Der kamen sadwaande mear minsken yn dit gebiet te wenjen, wêrtroch't der ferlet ûntstie fan in skoalle (yn 1812 koe neffens it nammejouwingsregister fan Grijpskerk 48% fan de Kommersylster en Waardster gesinshaden syn eigen namme net skriuwe), dêr't Kommersyl yn oanmerking kaam, dêr't doe al in herberch (moetingsplak) fêstige wie. De bruorren Teenstra, dy't harren fêstigen op twa mânske pleatsen op de Rûgesân, lieten dêrnei grif yn 1809 (doe waard in skoalmaster beneamd) in hûs ynrjochtsje as skoalle, dy't se sels ûndersteunen mei in jierlikse talage. Yn 1818 kaam wer mei stipe fan de Teenstra's in skoalgebou klear oan de eastside fan de Kommersylster Ryd.

De Kommersyl

Yn 1811 waarden de measte gemeenten ynsteld, wêrby't de buorskip oan de Kommersylster Ryd splitst waard oer de gemeenten Grijpskerk (westen) en Oldehove (easten), in situaasje dy't bestean bleau oant de ynstelling fan de gemeente Súdhorn yn 1990.

Yn 1840 krige de buorskip troch de grutte groei fan it tal ynwenners (yn 1837 wiene der 237) de beskikking oer in begraafplak. Yn datselde jier waard ûndanks protesten fan mûnders út Niezijl en Niehove in keninklike fergunning jûn foar de bou fan in nôtmûne yn it doarp, dy't lykwols yn 1934 folslein ôfbaard is. Yn 1857 waard yn it ramt fan in provinsjaal wegenbouprogramma foar in bettere oansluting fan it Noardlik Westerkertier op de stêd Grins ûnder oare in 'keunstwei', grintwei, oanlein fan Oldehove oer Kommersyl nei Niezijl oer de besteande klaaidyk, mei oan de ôfslach nei de Legewei in tolhikke. De gemeente ferbettere doe sels de dyk bylâns de Waarddyk nei Pitersyl.

Yn 1872 waard de sparbank 'De Vereeniging' oprjochte, dy't oant 1970 bestean bleau yn it doarp (letter ûnderdiel fan SNS Bank). Yn 1879 wie it ynwennertal oprûn nei 528, dêrfan wennen 311 yn de gemeente Grijpskerk en 217 yn de gemeente Oldehove. Dit aantal rûn op nei 638 yn 1960, mar is sûnttiids weromrûn nei ûngefear 500. Yn 1911 waard in kristlike skoalle stifte yn it doarp (de Rietstek) en in jier letter in grifformearde tsjerkegemeente, dy't ôfsplitst waard fan dy fan Niezijl. Yn 1913 kaam der ek in tsjerke.

Nei de Twadde Wrâldoarloch rûn it doarp noch fierder leech troch de lânboumeganisaasje, wêrtroch't de jongerein wurk bûten it dorp sykje moasten. Troch lânbouwers út de omkriten waarden yn opdracht fan boeren út de omkriten en de middenstân fan Kommersyl 20 arbeiderswenningen boud yn it doarp om it eigen boere-arbeiders in kwalitatyf goed ûnderkommen biede te kinnen en dêrmei ek de foarsjennings yn it doarp op peil hâlde te kinnen. De leechrin sette troch gebrek oan wenningen troch, wêrnei't yn 1971 troch de gemeente Oldehove in nij wenningbouplan opsteld waard foar de bou fan 12 wenningen yn it doarp. Dêrnei kamen der in tennisbaan en in iisbaan, mar ek in oantal âldereinwenten. De lûdroftige brêge waard fernijd foar in stilleren-ien.

Yn de jierren 1990 wiene der plannen foar in gasopslach by Kommersyl, wêrby't de bewenners it klear krigen dat dy opskood waard en fisueel los fan it doarp kaam troch de oanlis fan in doarpspark (lânskiplike ynpassing) mei natoer en boarterstastellen. De iisbaan waard nei ien fan de fivers dêr ferpleatst. Begjin 21e iuw waarden in oantal frijsteande wenten boud oan de 'Appelhof' oan de yngong nei it doarp fanôf Niezijl. Tusken 2003 en 2006 waard in doarpsfernijingsplan trochfierd, wêrby't de strjitten en strjitteferljochting fernijd waarden en nij strjitgrien en parkearplakken oanlein binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Formsma, J.W. (1986), Grijpskerk: De geschiedenis van een Groninger gemeente. Groningen: Wolters-Noordhoff/Forsten. siden 27-34, 52-55, 82, 99, 114, 153, 243
  • Albert Buursma & Marina van der Ploeg (2008), "Kommerzijl". Yn: Groningen, Stad en Ommeland. Bedum: Utjouwerij Profiel. siden 228-229.
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje