Kremlyn fan Kolomna

Kremlyn fan Kolomna mei de Marinkina-toer.

It Kremlyn fan Kolomna (Russysk: Коломенский Кремль) is in grut fort yn de russyske stêd Kolomna. It stiennen kremlyn waard yn de jierren 1525–1531 troch Moskouse en Italjaanske arsjitekten ûnder de russyske tsaar Vasili III boud en ferfong doe in houten kremlyn. De rivieren de Moskva en de Kolemka soargen foar de noardlike en noardwestlike begrinzging fan it kremlyn, wylst de oare kanten fan it kremlyn beskerme waarden troch in djippe grêft.

Kolomna wie it plak dêr't de troepen fan de russyske prinsen byinoar kamen foar de Slach op it Kûlikovo-fjild yn 1380. Ta oantinken dêrfan stiet foar de muorren fan it kremlyn in monumint foar Dmitri Donskoj.

Yn it likernôch 24 hektare grutte kremlyn steane tsjinwurdich noch in grut tal histoaryske monuminten, dêr't twa kleasters ûnder binne.

Ferdigeningswurken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken de mear as 20 meter hege muorren stiene eartiids folle mear tuorren, dêr't tjintwurdich noch sân fan bewarre binne. De muorren en tuorren waarden oan it begjin fan de 19e iuw ôfbrutsen. Twa tuorren foarmje noch ûnderdiel fan de westlike ferdigeningsmuorren. De oare fiif tuorren foarmje tsjintwurdich gjin ûnderdiel mear fan it muorrewurk, dat in dikte hat fan 3-4,5 meter.

Elste toer krige in eigen histoaryske namme.

Kleasters en tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Untsliepeniskatedraal (Успенский собор)
  • Tsjerke fan de Mem Gods fan Tichvin (Храм иконы Божией Матери Тихвинская)
  • Novo-Golûtvin kleaster (Ново-Голутвинский монастырь)
  • Himelfeartkleaster (Успенский Брусенский монастырь)

Fierder steane der noch bouwurken út ferskillende tiden, dêrûnder ek tradisjonele russyske houten hûzen. Yn ien fan dy houten hûzen wenne in suster fan de skriuwer Aleksander Kûprin. Om't de skriuwer dêr regelmjittich kaam en dêr ek wurke hat wurdt dat hûs "Kûprin-hûs" neamd (Дом Куприна).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]