In kwis is in benammen op kennis basearre spyul wêrby't spilers binnen in bepaalde tiid fragen beantwurdzje moatte, eventueel kombinearre mei oare opdrachten. Neist it oproppen fan feitekennis is soms ek logysk of lateraal tinken fereaske. Kwissen komme foar yn ferskate foarmen, wêrfan selskipsspullen sealkwissen en telefyzjekwissen de wichtichste binne.
Trivial Pursuit is de meast ferspriede en bekendste kwis yn de foarm fan in selskipsspul. Fierders hawwe in soad telefyzjekwissen, lykas De Zwakste Schakel, Waagstuk en Blokken, ek in boerdferzje. Wa't yn it iepenbier ik kwis liedet wurdt kwismaster neamd.
In protte amusemintsprogramma's op telefyzje hawwe de foarm fan in kwis. In oantal telefyzjekwissen binne:
Dizze kwisfoarm ûntstie yn de jierren fyftich en sechtich nei foarbyld fan telefyzjekwissen as Honderdduizend of niets. Yn in jûnfoljende kwis dy't bestiet út in oantal fragenrondes nimme ploegen fan trije oant seis kwissers it tsjin elkoar op, soms as gelegenheidsploech, mar ek wol as besteand team.
Sûnt inkele jierren wurde ek nasjonale en ynternasjonale kompetysjes hâlden dy't basearre binne op sealkwissen. Soms foar yndividuelen, soms foar teams.
Yn Nederland waard op 18 novimber 2006 foar de easrte kear it NK Kwissen Yndividueel ûnder tafersjoch fan de IQA (International Quizzing Association) hâlden. De fragen waarden opsteld troch Rinus Uijl en Paul Hermans fan it organisearjende SQON/IQA Netherlands. De Utertske skriuwer en sjoernalist Guido Derksen easke de titel op. Yn 2007, 2008 en 2009 gie de Amsterdammer Peter Korrel mei de yndividuele titel op hûs oan.
In 2007 organisearre dizze organisaasje dfoar de earste kear ek in NK foar teams. It winnende team bestie út Arthur Kolks, Guido Derksen, Derk de Graaf en Maarten Coelingh.
Peter Korrel ferdigene yn Capelle aan den IJssel syn titel Nederlânsk Kampioen Kwissen Yndividueel op 03 oktober 2009 foar de 2e kear súksesfol. It twadde plak wie foar de Amersfoarter Arthur Kolks en it brûns foar Amsterdammer Ernst Elzinga. De titel by de duo's gie nei Peter Korrel en John van Maris út Rotterdam. Yn it NK foar teams hâlde it team Maarten Coelingh, Derk de Graaf, Guido Derksen, Arthur Kolks foar de tredde kear efterelkoar de titel yn hannen.
2007
2008
2009
2008
2009
Yn de wrâld wurdt benammen kwisse yn Estlân, Finlân, Grut-Brittanje, Yndia, Noarwegen en it Nederlânske taalgebiet. Yn 2003 waard in earste ynternasjonale konfrontaasje organisearre yn it Ingelske Bromley. Op de ploegekwis wûn it Belgyske Kafee Den Hemel en de Belgen wûnen de ynterlân tsjin Ingelân.
Sûnt 2004 wurdt der ien kear yn it jier ûnder tafersjoch fan de IQA in Wrâldkampioenskippen Kwissen organisearre. Dy binne hast tagelyk op ferskillende plakken yn de wrâld.