Lúkswâld

Lúkswâld
Hegedyk
Hegedyk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 430 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,07 km², wêrfan:
- lân: 5,03 km²
- wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 85 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' N 5° 58' E
Lokaasje Lúkswâld (grien) yn 'e gemeente Opsterlân
Lokaasje Lúkswâld (grien) yn 'e gemeente Opsterlân
Offisjele webside
www.luxwoude.net
Kaart
Lúkswâld (Fryslân)
Lúkswâld

Lúkswâld (ek wol Lúkswâlde) leit west fan De Gordyk yn it west fan de gemeente Opsterlân. De huzen steane yn in lint oan de Hegedyk, de Alde Leane en de Lúkster Heawei. It doarp leit flak lâns de snelwei A7 tusken De Gordyk en It Hearrenfean en is fan De Tynje, De Gordyk en Tsjalbert ôf berikber.

It doarp hat 430 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Yn 1315 stie yn Lukeswalde, sa't it doe neamd waard, in kapel of tsjerke. Dy is letter ferdwûn. De bewenners tsjerken yn alle gefallen al yn de 17e en 18e iuw yn it buordoarp Gersleat yn de doetiidske gritenij Aenjewier.[3][4]

Lúkswâld is in streekdoarp dat him pas let foarme hat. Lang wie it doarp it lytste fan 'e gritenij Opsterlân. It doarp hie mar tsien stimhawwende saten. Yn 1749 wennen der noch mar trije húshâldings. Op de gritenijkaart fan Schotanus út it begjin fan de 18e iuw is it in streekje mei losse bebouwing lâns de diken en paden nei it noarden: de haadwei is troch de feanen rjochting Gersleat en It Hearrenfean. Fierder de wat eastliker rinnende Heawei nei de ‘Luxter Tinie’, dy't folle letter útgroeie soe ta De Tynje. It doarpswapen hat dêrom in turf, is in feanûntginningsdoarp

Oan de ein fan de 18e iuw is it noch altiten lyts. De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' melde doe: een klein Dorpje [..] op de grenzen van Aengwirden, niet verre van Gersloot, waar onder dit Dorpje in ’t Geestelyke behoort. De landen, die tot dit Dorp behooren, loopen voorby Gersloot in een punt ten einde, op de kaart bekend onder den naam van Luxter Horn, en over dezelve loopt, van den Veenster rydweg, een hooiweg naar Luxter Tinie.

Lúkswâlde lei op de grins fan in leechfean en healwei de 19e iuw wie de omjouwing fan it doarp troch de turfwinning bot feroare. Op de gritenijkaart fan Eekhoff fan 1848 lizze benoarden it doarp ûnúteachbere plassen troch de leechfeanterij, wêrby't allinnich de beide neamde diken sparre bleaun binne. De plassen rinne oant foarby De Tynje, dêr't de feanterij yn folle gong wie. Troch dy feanterij groeide it lytse doarp foars. Healwei de 18e iuw telde it plak noch gjin tsien ynwenners; begjin 19e iuw wennen der mear as 300 minsken op de smelle stripen lân oan beide kanten fan de dyk.

Doarpshûs 't Trefpunt

Pleatslik Belang bestie yn 2002 hûndert jier en fierde dat mei in eksposysje. It fernijde doarpshûs 't Trefpunt waard yn 2016 op 'e nij iepene.[5] Tsien kear yn 't jier ferskynt de doarpskrante, dêr't ek it skoalnijs yn stiet.

It doarp hat yn de 20e iuw in grifformearde tsjerke hân, dy't ôfbrutsen is.

De iepenbiere basisskoalle De Hoekstien waard yn 2022 sletten. De skoalle fan Lúkswald fusearre op 1 augustus fan dat jier mei de iepenbiere basisskoalle De Wjukslach fan Langsweagen ta de iepenbiere basisskoalle It Aventoer.[6]

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1749 1815 1855 1954 1959 1964 1969 1973
Ynwenners 9 311 116 465 425 392 312 313
Jier 2005 2015 2020
Ynwenners 412 441 440

(Boarnen: 2015 en 2020: Alle Cijfers)

  • Doarpsfeest (twadde wike fan septimber)
Hegedyk

Alde Leane, De Opslach, De Weech, De Wyngaarden, Hegedyk, Lúkster Heawei, Nije Leane.

  • A. Postma e.o. "Trije yn Ien"; histoarysk fotoboek oer Lúkswâld, Langsweagen en Jonkerslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Pierius Winsemius, Chroniqve ofte historische geschiedenisse van Vrieslant beginnende vanden jaere nae des werelts scheppinghe 3635. ende loopende tot den jaere nae de gheboorte Christi. 1622., Frjentsjer, 1622, Paragraaf oer Opsterlandt.
  4. Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden, Diel 15, Amsterdam, Leien, Doardt, Harns, 1788, side 486 en 580.
  5. Wâldnet, 21 maaie 2016
  6. Sa24.nl, 13 july 2022

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje