Laudert is in plak op 'e Hunsrück yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit oan 'e Bundesautobahn 61, likernôch 8 km west fan Oberwesel en de Ryn.
Laudert is in Ortsgemeinde fan 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein.
- De Sint-Remigiustsjerke is in neobarokke tsjerke út 1926.
- Noardlik fan it doarp lizze de 11e- of 12e-iuwske resten fan twa opsmiten wâlen en de grêften fan in earder mottekastiel, by de bewenners bekend as de Alte Burg.
- Eastlik fan it doarp streamt de Simmerbach troch in lyts natoergebiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|