Lauwerseach

Lauwerseach
Lauwersoog
Fiskershaven Lauwerseach
Fiskershaven Lauwerseach
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
Sifers
Ynwennertal 160 (2021)[1]
Oar
Stifting 1969
Koördinaten 53° 24' NB, 6° 13' EL
Kaart
Lauwerseach (Grinslân)
Lauwerseach
De fearboat fan Lauwerseach nei Skiermûntseach
Opslach boeien en jachthaven Lauwerseach

Lauwerseach[2] (Nederlânsk en offisjeel: Lauwersoog) is in Grinslânsk doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne). It is nei 1969 ûntstien, nei de yndiking fan de Lauwerssee. Lauwerseach is benammen bekend as fertrekplak fan de feartsjinst nei Skiermûntseach.

Lauwerseach is ek in wichtige fiskershaven (letterkoade: LO) en hat in eigen fiskôfslach. In gedielte fan de fiskersfloat fan Urk hat Lauwerseach as thúshaven (al farre de Urkers noch altyd mei de letterkoade UK fan Urk). Ek in protte Deenske fiskers lizze faak oan yn Lauwerseach. It doarp en de haven binne yn trek by deitoeristen, ek troch de mooglikheden om farske fisk te iten.

By it doarp heart ek de wyk Robbeoart (Nederlânsk en offisjeel: Robbenoord), neamd nei de sânplaten Robbeplaat en de Oart'. Oart betsjut ek eilân (sjoch Nienoard).

De spuislûzen fan it ôfstreamgebiet fan it Ryddjip, de Lauwersslûzen neamd, lizze westlik fan it doarp. Hjir rint de grins tusken Grinslân en Fryslân. Yn Lauwerseach is in skutslûs, de Robbegatslûs, om fan de mar nei de Waadsee farre te kinnen.

Sip Sytsma

De namme is betocht troch yng. Sip Sytsma en begjin 1964 keazen, foar it kampemint op it wurkeilân dat dêr foar de ôfsluting fan de Lauwerssee oanlein wie. De namme is ôflaat fan eilân, each, yn de Lauwers. Mar it each ferwiisde ek nei Skiermûntseach. Om't it in eilânnamme wie, waard dy ek brûkt foar it wurkeilân.

Sport en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9, dy't lokaal ek North Sea Trail of (rjochting Fryslân) Fryske Kustpaad en (rjochting Grinslân) Waad- en Wierepaad hjit. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten. Teffens lizze oan de Lauwersmarkant twa jachthavens, in kemping en in strân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. Haven Lauwerseach profitearret fan útbaggere Westgat, op Omrop Fryslân
It Hegelân
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesylOnderdendamEasteinOosternielandPiterbuorrenRaskwertRoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâldeTinallingeUithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternielandWetsingeWinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen2e Nijhoezen't Aagt't Lage van de Weg't Houweel't Stort't WildeveldAbbeweerAldedykAlinghuizenArwerdBarnegatenBellingeweerBethlehemBeusumBokumBreedeBroekDe DingenDe HoogteDe HornDe HouwDe RakenDe StreekDe VennenDen HanderDen HaverDeikumDoodstilDouwenDuisterwinkelEelswerdElensEllerhuizenErnstheemEwerFalomFlydoarpGriissleatGroot MaarslagDe HaarHammelandHarssensHefswalHekkumHelwerdHeuvelderijHiddingezijlHolwindeIemshavenKaakhornKatershornKattenburgKleiKlein GarnwerdKlein MaarslagKolhamKoningslaagteKoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillenLutje MarneLutje SaaksumLutjewolde (foar in part)MaarhuizenMenkeweerMenneweerMidhalmNijenkloosterNoordpolderNoardpoldersylObergumOldenzijlOldorpOnderwierumOosterhornOosterhuizen (Eenrum)Oosterhuizen (Súdwâlde)OudeschipPaapstilPanserPlattenburgPolen (foar in part)RanumReidlandRoodehaanSchapehalsSchaphalsterzijlSchilligehamSkouwenSkouwersylSint AnnerhuisjesTakkebosTer LaanTijumValcumWaadwertWalsweerWesterhorn (De Marne)WesterhornWesterkloosterWestpolderWierhuizenWierumWillemsstreekZevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het BultjeDe HuchtMidhuizen
Wetter:
BroekstermaarDeltheGrutte TsjarytHoornse VaartHouwersylsterfeartHulpkanaal om ObergumHunzegoakanaalKoksmaarKromme RakenOude DiepjeRyddjipStitswerdermaar
· · Berjocht bewurkje