Lauwerssyl Lauwerzijl | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 195 (2023) [1] | |
Oerflak | 9,46 km² dêrfan lân: 8,71 km² dêrfan wetter: 0,75 km² | |
Befolkingsticht. | 21 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9885 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
De offisjele Lauwerssyl webside | ||
Kaart | ||
Lauwerssyl[2] (Nederlânsk en offisjeel: Lauwerzijl, Grinslânsk: Lauwerziel) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp hat 217 ynwenners (1 jannewaris 2012). Oant 1990 lei it doarp yn de eardere gemeente Oldehove.
Bylâns Lauwerssyl rint in ferbiningskanaal Muntjesylster Ryd. Dit wetter komt by de saneamde Fryske slûs súdwest fan Sâltkamp út yn de Lauwersmar, en rint dêr út yn de Sâltkamperril. Dêr rint it wetter fan de rivier De Lauwers gear mei dat fan it Ryddjip.
De namme Lauwerssyl wiist der op dat it doarp ûntstien is by in slûs yn de Lauwers. Dy slûs waard yn 1754 boud by de ferlizzing fan de Muntjesylster Ryd en waard earne om 1878 wer ôfbrutsen doe't de Polder Wieringa en Nije Rûgesânsterpolder yndike waarden mei de Dyk fan Sâltkamp nei de Nittershoeke. Om 1878 waard ek noch in houten brêge 100 meter westliker fan de ôfbrutsen slûs lein. Yn de 20e iuw waard dy ferfongen troch in stiennen brêge. De hjoeddeiske brêge is fan 2004.
Yn 1877 waard it gebiet fan de destiidske gemeente Oldehove fergrutte troch ynpoldering. Dy polder krige de namme Nije Rûgesânsterpolder. De stêd Grins eksloitearre yn dy polder sân pleatsen ('pleats 1' oant 'pleats 7'; sjoch ek pleats De Pol). Fiif fan dizze pleatsen lizze oan de stedswei, deselde wei dêr't Lauwerssyl oan ûntstien is. Yn 1879 waard it earste hûs boud flak njonken de slûs. Dat hûs wie tagelyk winkel, kafee en trochreed mei bygebouwen. Omdat op de stedspleatsen in soad fraach wie nei lânarbeiders stelde de stêd Grins goedkeape grûn beskikber om wenningbou te stypjen. Mei de komst fan arbeidershúshâldings groeide ek de fraach nei in skoalle. Dy skoalle kaam der úteinlik yn 1922.
Yn 1929 krige it doarp besite fan keninginne Wilhelmina. Der waard ek oan lânoanwinning dien yn wat no de Lauwersmar hjit, doe noch Lauwerssee. Dit gebiet leit 1,5 kilometer benoarden Lauwerssyl. De treppen dy't timmere waard om de klim nei de top fan de dyk makliker te meitsjen is der noch en hat de namme Keninginnetreppen.
Troch de jierren hinne is it doarp net folle groeid. De skoalle (KBS 't Sielje) gie yn 1999 ticht en fusearre mei KBS De Regenboog út Grijpskerk, neidat it tal learlingen al jierren ûnder de tritich learlingen lei. Lauwerssyl is in lyts doarp mei in aktive mienskip. De Feriening Doarpsbelangen en Stichting de Frijwilliger organisearje in soad aktiviteiten. De feriening Doarpsbelangen ûnderhâldt kontakten mei gemeente, provinsje en oare ynstânsjes dy't de leefberheid yn it doarp oanbelangje.
Yn 2003 is it lêste bestimmingsplan foltôge. Dit plan bestie út in werynrjochting fan it doarp en de oanlis fan in rûnwei om de leefberheid yn it doarp te ferbetterjen. De drokke stedswei is sûnttiids feroare yn it rêstige doarpswei. By de ûntwikkeling fan de plannen ûntstie it idee om fruitbeammen yn it doarp te plantsjen. Dit idee is fierder útwurke troch de feriening doarpsbelangen Lauwerssyl, Lânskipsbehear Grins en de gemeente Súdhorn. Yn it doarp kamen 80 fruitbeammen en 40 fruitbeammen op it eigen hiem fan de ynwenners. Der waarden mear as 30 ferskillende appel-, parre- en kersenbeammen en wâlnuten plante.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |