Lebuïnus

Fresko fan hillige apostel yn de haadbeuk fan de Lebuïnustsjerke, Dimter

Lebuïnus (Aldsaksysk: Liafwin; † ± 775) wie in Ingelske misjonaris dy't yn de katolike tsjerke as hillige fereare wurdt. Syn bertedei en it plak dêr't er berne is binne ûnbekend. Lebuïnus hat om 775 hinne wurke yn de omkriten fan Dimter. Hy wurdt ek wol apostel fan de Friezen neamd en is de patroanhillige fan de stêd Dimter. Yn Fryslân draacht de tsjerke fan Molkwar de namme fan de hillige.

Libben neffens Vita Liudgeri I

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de berte en syn jonge jierren is der neat bekend. Neffens de âldste en meast betroubere boarne (Vita Liudgeri I) wied er in fromme en learde preester, dy't om 770 hinne fan it Angelsaksyske Britanje nei it fêste lân fan Jeropa teach, om yn it gebiet fan de rivier de Isel it evangeelje te bringen. Yn dy tiid wiene dy kontreien in grinsgebiet fan kristlike Franken, diels bekearde Friezen en heidenske Saksen. Abt Gregoarius fan Utert joech him de segen en stelde him noch in oare Ingelske geastlike mei de namme Markhelm oan 'e side, dy't in learling west hie fan de misjonaris Willibrord.

De misjonaris fûn ûnderdak by in frommis mei de namme Averhilde en yn Wilp, oan de westlike kant fan de Isel, bouden lokale kristenen dêr foar him in earste kapel. Rillegau dêrnei bouden se foar harren preker ek oan de oare kant fan de rivier in tsjerke, it lettere Dimter, dat it nije sintrum fan de evangelisaasje yn it gebiet waard. De aktiviteiten fan Lebuïnus soargen lykwols foar grutte argewaasje ûnder de Saksen, dy't mei in leger de de kristenen ferjoegen en de tsjerke yn Dimter ôfbaarnden. De misjonaris makke him fan ruten en wachte yn Utert dat de ûnrêst delbêde. Nei't de Saksen harren werom lutsen hiene gyng er op 'e nij nei Dimter en boude dêr de tsjerke wer op. Al gau dêrnei ferstoar (± 775) er en waard er byset yn syn tsjerke.

Krekte jierren oangeande Lebuïnus binne net te jaan. De tiid dat er wurke as misjonaris falt neffens Vita Liudgeri I likernôch tusken 770 en 776.

De twadde ferneatiging fan de tsjerke fan Lebuïnus yn Dimter (neffens Vita Liudgeri I,II)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan Lebuïnus waard Dimter foar de twadde kear oerfallen troch de Saksen en de tsjerke gyng wer troch brân ferlern. Yn de boarnen wurdt de klam lein op it feit dat it oerskot fan de tsjerkestifter foar de heidenen ferburger bleau. It wie de hillige Liudger dy't it grêf fan Lebuïnus wer ûntdiek en dy boude oer dat plak de tredde tsjerke (777).


Lebuïnus en de gearkomste fan Marklo (neffens de Vita Lebuini)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Vita Lebuini wurdt tynge dien fan in reis fan Lebuïnus djipper yn it kristenfijannige gebiet fan de Saksen. Dêr soed er yn Marklo (faaks it tsjintwurdige Marklohe yn Nedersaksen), in plak oan de Weser, him ynienen meld hawwe op in grutte gearkomste fan Saksyske lieders, dy't dêr byinoar kamen om harren saken te bepraten. Lebuïnus warskôge de heidenske lieders dat se harren bekeare moasten en sa net, dan soe in oanbuorjende kening harren mei geweld ûnderwerpe, dêr't er Karel de Grutte mei ornearre, dy't fan 772 oant 804 de wapens opnaam om tsjin de Saksen te striden. De Saksen wiene spinnidich oer safolle brutalens en joegen him fuort. Hja soene de misjonaris grif deade ha as er net ynienen ferdwûn doe't er troch in godlik yngripen yn de stam fan in boekebeam opnommen waard.

Lebuïnus wurdt sûnt de 9 iuw as hillige yn de Tsjerke fereare. Syn feestdei is op 12 novimber fêststeld. De hillige wurdt benammen betocht yn de stêd Dimter, ek nei't de reformaasje dêr ynfierd waard.

Yn de Westfaalske stêd Herford is yn it stedsdiel Schwarzenmoor in monumint foar de hillige oprjochte (de Lebuïnusboek). Op syn flecht út Marklo soed er him op dat plak ferside holden ha. De ferearing dêr is pas yn 1934 ûntstien.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Lebuin