Leechlânboarch

Kastiel Trakai yn Litouwen, in eilânboarch
Boarch Calvörde, dêr't de grêft mei de rivier de Ohre ferbynt
De boarch Groß Raden út de Iere Midsiuwen
Kastiel Redbad

In leechlânboarch is in type boarch of kastiel dy't ferwiist nei de topografyske yndieling fan boargen en kastielen dy't foarkomme yn in leechlân, flakte of delling. Mei dizze yndieling wurde leechlânboargen ûnderskaat fan hichteboargen.Yn Dútslân binne de kastielen dy't hjoed-de-dei noch besteane sa'n 34 prosint leechlânboargen.
Om't leechlânboargen net it ferdigeningsfoardiel hawwe dy't hichteboargen wol hawwe, waarden plakken keazen dy't maklik te ferdigenjen binne, bygelyks yn rivieren, marren, sompen of op eilannen. Op plakken dêr't sokke natuerlike obstakels net besteane, waarden bygelyks grêften of ierdwâlen oanlein. Om it kastiel heger as it omlizzende lân te krijen waarden keunstmjittige heuvels (motten), yn Fryslân Hege wierren neamd, oanlein. Ek waarden der fersterke tuorren by oanboud.
Kastielen yn de Midsiuwen, Slavyske en Saksyske kastielen ynbegrepen, hiene faak in smelle, djippe grêft en in hege steile wâl.
Leechlânboargen komme almeast foar yn leechlannen, lykas de Baltyske lannen, Noard-Poalen, de Noarddútske Flakte, Denemark, Nederlân en de Fryske lannen. Hja kinne lykwols ek wol fûn wurde yn dellings fan heechlannen of op in eilân of yn in rivier.

  • Wetterboarch: is in term dy't brûkt wurdt foar alle typen kastielen of boargen dy't wetter as ferdigening brûke.
  • Rivierboarch: in kastiel of boarch dy't oan de ouwer fan in rivier boud is. Hja binne faak fan in grêft omjûn dêr't it wetter fan út de rivier komt.
  • Kustboarch: in kastiel of boarch dy't op de wâl of kust oan in see of mar boud is mei in grêft deromhinne lykas by in rivierboarch.
  • Eilânboarch: in kastiel of boarch dy't op in natuerlik, of bytiden op in keunstmjittich, eilân yn in rivier boud is.
  • Sompboarch: in kastiel of boarch yn sompige geaen, gebrûk meitsjend fan de natuerlike tastân as help by de ferdigening.
  • Dellingboarch: in kastiel of boarch dy't ûnder yn in delling boud is. Gauris waarden sokke kastielen mei fersterke ferbinings ferbûn mei hichteboargen.

Neffens funksje:

  • Brêgeboarch: in kastiel of boarch dy't in wâlferbining beweitet en beskermet.
  • Havenboarch: in kastiel of boarch dy't in haven beskermet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Krahe, siden 21-23 (2002)
  • Böhme, Horst Wolfgang; Friedrich, Reinhard and Schock-Werner, Barbara (ed.) (2004). Wörterbuch der Burgen, Schlösser und Festungen. Reclam, Stuttgart, p. 156, ISBN 3-15-010547-1
  • Krahe, Friedrich-Wilhelm (2002). Burgen und Wohntürme des deutschen Mittelalters. Vol. 1, Thorbecke, Stuttgart, 2002, pp. 21–23, ISBN 3-7995-0104-5,