Lieke Wevers

Lieke Wevers
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lieke Wevers
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 septimber 1991
berteplak Ljouwert
reg. identiteit Twintsk
lingte 1.67 m
gewicht 54 kg
sportive ynformaasje
sport Turnjen
ûnderdiel Balk,
Mearkamp
Flier
trener Vincent Wevers
O.S. Rio de Janeiro 2016,
Parys 2024
wichtige prestaasjes
1x goud EK 2015,
1x brûns EK 2015

Lieke Wevers (Ljouwert, 17 septimber 1991) is in Nederlânsk turnster.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lieke Wevers is berne yn Ljouwert en opgroeid yn Oldenzaal. Sy hat in twilling suster, Sanne Wevers, en binne beide mei 6 jier mei turnjen begûn. Se wurde traint troch harren heit Vincent Wevers.

Lieke wenne yn Oldenzaal en turne earst by Bason TON yn Almelo. Fan 2011 ôf traint har heit har en har suster. Letter makke sy tegearre mei har heit en twillingsuster Sanne Wevers de oerstap nei Topsport Noord op It Hearrenfean.

Yn 2015 hat Lieke nei de Europeeske Spullen west en dêr hat se ek ferskate prizen wûn. In gouden plak op de balke en op de flier, mearkamp en lannewedstriid hie se in brûnzen medalje. It jier dernei gie sy mei it Nederlânske team nei de Olympyske Spullen yn Rio. Dêr helle sy mei it Nederlânsk team it 7e plak. Ek pleatste Lieke har foar de finale mearkamp yndividueel wêr't se op it 20ste plak einige. Mei har sus pleatste se har foar de Olympyske Simmerspullen fan 2024 yn Parys.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: