Lilian Marijnissen | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Lilian Marie Corneel Marijnissen | |
Berne | 11 july 1985 | |
Berteplak | Oss | |
Partij | Sosjalistyske Partij | |
Politike funksjes | ||
2003–2016 | Lid gemeenteraad Oss | |
2017–2023 | Lid Twadde Keamer | |
2017–2023 | Fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer | |
2017–2023 | Polityk lieder SP |
Lilian Marie Corneel Marijnissen (Oss, 11 july 1985) is in Nederlânsk politikus.
Sûnt 23 maart 2017 wie hja foar de Sosjalistyske Partij (SP) lid fan de Twadde keamer fan de Steaten-Generaal. Yn desimber 2017 folge hja Emile Roemer op as foarsitter fan de SP-fraksje yn de Twadde Keamer en partijlieder. Op 12 desimber 2023 trede hja nei de de foar de SP desastreus ferrûne Twadde Keamerferkiezings fan novimber ôf as polityk lieder fan har partij en ferliet hja it parlemint.
Lilian Marijnissen is de dochter fan earder SP-lieder Jan Marijnissen. Har mem Mari-Anne Marijnissen wie yn Oss gemeenteriedslid en fan 1998 oant 2000 wethâlder. Al op fjouwerjierrige leeftyd wie Lilian Marijnissen tegearre mei har heit te sjen yn de kampanje fan de SP foar de Twadde Keamerferkiezings 1989. Hja hie in prominint plak op it ferkiezingsaffysje.[1]
Op 16-jierrige leeftyd stie hja kandidaat foar de SP in Oss by gemeenteriedsferkiezings fan 2002. Nettsjinsteande in leech plak op de list waard hja mei foarkarstimmen keazen. Hja koe har sit net ynnimme omdat se op dat stuit noch gjin achttjin jier wie; de minimumleeftyd om keazen te wurden yn in gemeenteried of oar polityk fertsjintwurdigjend orgaan. Op 11 septimber 2003, twa moanne nei har achttjinde jierdei, waard Marijnissen dochs noch riedslid doe ’t in lid fan de SP-fraksje besleat om syn sit beskikber te stellen. Yn it ramt fan har riedswurk siet hja yn de riedskommisje maatskiplike partisipaasje (kultuer, jongerein, wurkgelegenheid). By de gemeenteriedsferkiezings fan 2006 stie Marijnissen twadde op de kandidatelist fan de SP yn Oss en waard hja op 'e nij keazen.
Neist har riedswurk studearre Marijnissen politikology. Yn 2006 helle se har bachelordiploma oan de Radboud Universiteit Nijmegen. Nei in lyts jier wurkûnderfining, die hja oan de Universiteit fan Amsterdam har master politikology: Politike Téory en Gedrach. Hja kaam yn 2008 yn tsjinst by de Abvakabo FNV. Dêr hâlde hja har dwaande mei it organisearjen fan wurknimmerssoarch en fierde hja kolektive arbeidsoerienkomst- ûnderhandelings. [2] By de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 en opnij by ferkiezings nei in gemeentlike weryndieling yn 2014 waard hja werkeazen yn de gemeenteried fan Oss. By de lêste ferkiezings krige hja op de list mear stimmen as listlûker Jan Zoll. [3]
Yn augustus 2016 makke hja bekend dat se de FNV ferlitte soe. Koart dêrnei waard dúdlik dat hja op it tredde plak fan de SP-kandidatelist stie foar de Twadde Keamerferkiezings 2017. Se waard keazen yn it parlemint en waard ynstallearre op 23 maart 2017. Ynearsten wie hja út namme fan har fraksje wurdfierder op it beliedsmêd soarch. Hja makke har yn de Keamer ûnder oare sterk foar soarchbuerthûzen, as lytsskalige wenynstelling foar âlderein yn de wyk dêr ’t se al wennen. Hja tsjinne dêrfoar in inisjatyfnota yn. [4] Yn 2023 waard it earste soarchbuerthûs fan Nederlân iepene yn har wenplak Oss.[5]
Neidat Emile Roemer ôfgien wie as fraksjefoarsitter en partijlieder, stelde Marijnissen har kandidaat. Op 13 desimber 2017 keas de SP-fraksje har as foarsitter, wêrmei ’t hja kollega-Keamerlid Sadet Karabulut fersloech.[6][7]
Op 20 juny 2020 waard hja, nei stimming fan de partijried en it partijbestjoer keazen as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezings 2021. [8] By dy ferkiezings foel de SP werom fan 14 nei 9 sitten. Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2022 fierde Marijnissen mei har partij aksje ûnder de slogan "De buert is fan ús". Hja stelde yn dizze kampanje ûnder oare negative gefolgen fan arbeidsmigraasje foar leanûntwikkeling en sosjale gearhing binnen buerten oan 'e oarder. Dat kaam har op krityk te stean, se soe tsjin migraasje wêze en in ksenofoob stânpunt ynnimme. [9] Ek nei de ferkiezings bleau arbeidsmigraasje in tema foar Marijnissen. Yn in ynterview mei Trouw yn maaie 2022 neamde se it in 'pervers fertsjinmodel foar wurkjouwers' en pleite hja foar mear regulearring.[10] Dêrneist brocht hja middels skriftlike fragen oan de ferantwurdlik ministers de faak skrinende wensitewaasje en útrûpeljen fan EU-arbeidsmigranten op it aljemint. [11]
Marijnissen waard yn july 2023 op in partieried fan de SP keazen as listlûker foar de Twadde Keamerferkiezings 2023. Hja wie de ienige kandidaat. De SP sakke by dizze ferkiezings fierder werom fan njoggen nei fiif sitten. Dat wie de sânde ferkiezing op rige ûnder it liederskip fan Marijnissen, wêrby ‘t de SP efterútgie. Op de ferkiezingsjûn sei hja noch 'supermotivearre' te wêzen 'om dizze striid fuort te setten', mar de beslissing oer har oanbliuwen by har partij te lizzen. Op 9 desimber, koart nei de ynstallaasje fan de nije Twadde Keamerleden, kundige hja mei in berjocht op X har ferfarren oan út de lanlike polityk en as partijlieder. As reden skreau hja: "Spitigernôch ha de ôfrûne ferkiezings foar de SP net it risseltaat hân dêr ’t wy op hope hiene (..) Op basis dêrfan fernim ik dat der yn de partij ferlet is fan in nij gesicht."[12] [13][14][15] Trije dagen letter ferliet hja de Twadde Keamer en trede se ôf as partijlieder.[16]
Fan 2018 oant ein 2021 hie Marijnissen in relaasje mei presintator Bart Nolles.[17][18][19]
Yn 2020 en yn 2023 waard Marijnissen ûnderskieden mei de Kleare Taalpriis fan de Jargonbrigade.[20]
Ferkiezings | Plak Marijnissen | Sitten SP | Oantal stimmen |
---|---|---|---|
Twadde Keamerferkiezings 2017 | 3 Twadde Keamerferkiezings 2017 (list SP) | 14 | 124.626 |
Twadde Keamerferkiezings 2021 | 1 Twadde Keamerferkiezings 2021 (list SP) | 9 | 416.690 |
Twadde Keamerferkiezings 2023 | 1 Twadde Keamerferkiezings 2023 (lijst SP) | 5 | 273.734 |