Linda Sarsour (New York, 1980) is in islamitysk Palestynsk-Amearikaansk aktiviste en foarsitster fan de Arabysk-Amearikaanske Feriening fan New York.[1][2][3]
Under de Amearikaanske foarferkiezings yn 2016 ûnderstipe hja de Demokratytske kandidaat Bernie Sanders.[4]
Sarsour wie ien fan de trije studinten dy't oan de Universiteit fan Chicago ûnder de titel "The Hijabi Monologues" op keunstsinnige wize in foarstelling joech oer it dragen fan de islamityske wale.[5]
Hja wie ien fan de grutte organisatoaren fan de Women’s March on Washington, dy't op 21 jannewaris 2017, de earste amtsdei fan presidint Donald Trump, plakfûn. Sarsour wurdt troch guon media yn de Feriene Steate ferbûn mei de terroristyske organisaasje Hamas en antysemitisme.[6]
Linda Sarsour kaam yn opspraak nei't bekend waard dat hja yn 2011 de folgjende tweet oer Brigitte Gabriel en Ayaan Hirsi Ali skreau: Brigitte Gabriel = Ayaan Hirsi Ali ... I wish I could take their vaginas away- they don’t deserve to be women (oersetting: Ik soe winskje dat ik harren fagina's weihelje koe. Hja fertsjinje it net om frou te wêzen).[7][8]
Yn in réaksje neamde Ayaan Hirsi Ali Linda Sarsour in "fake feminist" dy't net de universele minskerjochten ferdigenet.[9]