Iepeningsrit fan de Liverpool and Manchester Railway, skilderij fan A.B. Clayton.It trasee fan de L&M
De Liverpool and Manchester Railway (L&MR) wie it earste passazjiersspoar yn de wrâld. Alle treinen waarden ynroastere en waarden op it grutste part fan it trajekt troch stoomlokomotiven lutsen.
De L&MR waard yn it foarste plak oanlein om wis te wêzen fan in flugger ferfier fan grûnstoffen en ôfwurke produkten tusken de haven fan Liverpool en de fabriken in Manchester en de stêden yn de omkriten. Yn 1845 waard de L&MR troch har wichtichste sakepartner, de Grand Junction Railway (GJR) oernaam; fan 1846 ôf wie de GJR diel fan de Londen and North Western Railway.
It spoartrajekt wurdt noch brûkt, mar hat safolle net mear te betsjutten as earst troch in parallel rinnend spoar.
De L&MR
Replika LMR-wein en Rocket
It earder stasjon Liverpool Street yn Manchester
Stephenson's fiadukt oer de Sankey Brook en -kanaal, wurdt noch altyd brûkt
↑ De Stockton and Darlington Railway waard yn 1825 iepene, mar ielen fan de line makken gebrûk fan kabels, allinne de koaletreinen waarden lutsen troch lokomotiven. De Canterbury and Whitstable Railway iepene maaie 1830 en makke meast ek gebrûk fan kabels. Ferfier meihynders, persoaneferfier derby, koe nei it beteljen fan tol gebrûk meitsje fan it spoar