Lockheed C-141 Starlifter | |
---|---|
Rol | Militêr transportfleantúch |
Makker | Lockheed Martin |
Earste flecht | 17 desimber 1963 |
Yn tsjinst | April 1965 |
Ut tsjinst | Maaie 2006 |
Tal makke | 285 (1963–1968) |
Brûkers | United States Air Force, NASA |
Farianten | C-141A, C-141B, SOLL II, C-141C |
De Lockheed C-141 Starlifter wie in strategysk militêr transportfleantúch yn tsjinst fan de Amerikaanske loftmacht. De spesifikaasjes foar it tastel waarden yn 1960 opsteld. It tastel wie ornearre om doetiidsk tsjinjende tastellen lykas de C-124 Globemaster II te ferfangen. It prototype fan de C-141 makke syn earste flecht yn 1963 en de earste tastellen waarden yn 1965 ôflevere. Totaal binne der 285 stks levere, it grutste part oan it militairy airlift command en ien foar de NASA.
Fan 1997 oant 1999 waarden 64 masines modernisearre. Dy tastellen waarden útrist mei in digilale cockpit, GPS en oare navigaasje- en ferdidigingselektroanika. Sy waarden oantsjut mei C-141C.
De Starlifter waard brûkt oant 5 maaie 2006, doe't de lêsten ferfongen wiene troch de C-17 Globemaster III.
Gegevens | C-141A | C-141B/C |
---|---|---|
Langte: | 44,2 m | 51,3 m |
Spanwiidte: | 48,8 m | 48,8 m |
Hichte: | 12,0 m | 12,0 m |
Fleugeloerflak: | 300 m² | 300 m² |
Maks. lading: | 28,8 t | 42,5 t |
Maks. gwicht by de start: | 143,6 t | 147,0 t |
Heechste faasje: | 919 km/o | 912 km/o |
Fleanberik: (mei maks. lading) |
6.566 km | 4.723 km |
Oandriuwing: | Fjouwer Pratt & Whitney TF33-P-7 mei in driuwkrêft fan 91 kN | |
Bemanning: | Fiif (piloat, ko-piloat, twa boardwurktúchkundigen, ien laadmaster) |