Lodovico Guicciardini, yn it Nederlânsk Lowijs Guicciardijn (Florence, 19 augustus 1521 – Antwerpen, 22 maart 1589) wie in Italiaansk-Súdnederlânsk keapman, humanist, kartograaf en skiedskriuwer.
Lodovico Guicciardini kaam út in âlde aadlike famylje yn Florence. In soad fan syn leden beklaaiden meardere kearen hege amten yn oerheidstsjinst, ûnder wa't syn omke Francesco Guicciardini wie. Der is neat bekend oer syn jonkheid.
Doe't er 18 jier wie ferliet er Italië, reizge troch grutte parten fan West-Europa (Frankryk, Dútslân) en yn 1541 oer Lyon nei Antwerpen, dêr't er him yn augustus 1542 nei wenjen sette. Dêr skreau er in eigentiidske skiednis fan de Nederlannen (oarspronklike titel Commentarii delle cose pimorabili seguite yn Europa, specialmente in questi Paesi Bassi, della pace di Cambrai, del MDXIX, infino a tutto l'anno MDLX)
Hy waard ferneamd fan syn masterlike beskriuwing fan de stêd Antwerpen (De idyllische Nederlanden: Antwerpen en de Nederlanden in de 16e iuw). Yn 1987 ferskynde der fan dit boek sels noch in werútjefte (De Vries Brouwers, Antwerpen; Amsterdam ).
Hy is benammen bekend troch syn skiedskriuwing oer de doetiidske Nederlannen: Descrittione di tutti Paesi Bassi, altrimenti detti Germania inferiore (1567, te Antwerpen troch Willem Silvius). Dat wurk waard 33 kear útjûn yn ien iuw. It waard oerset yn it Dútsk troch Daniël von Federmann von Hemmingen (Niderlands Beschreibung etc., Bazel 1580), yn it Frânsk (1582, útjefte Plantijn), en Overgheset in de Nederduytsche Spraecke troch Cornelius Kiliaan en P. van den Berghe (Montanus) ûnder de titel Beschryvinghe van alle Nederlanden, anderssins ghenoemt Neder-Duytslandt door M. Lowijs Guicciardyn, edelman van Florencen te Amsterdam by Willem Jansz. (Blaeu) (1612) en ek yn it Ingelsk (1593), Latyn (1613) en Spaansk (1622). De lêste útjefte wie yn 1662, in Nederlânsktalige edysje troch Jacob van Meurs. Dy wie min ofte mear gelyk oan de útjefte fan Janssonius út 1652. Yn syn beskriuwing fan de Lege Lannen fermeldt er Mayken Verhulst as ien fan de fiif wichtichste froulike keunstners.
Omdat Guicciardini krityk hie op de Tsiende Peinje fan Alva waard er yn 1569 arrestearre. Dêrop folge in finzenskip fan 16 moannen. Ek yn 1582 kaam er yn de finzenis telâne. Diskear omdat er fertocht waard fan Spaanske sympatyen.
De boeken fan Guicciardini waarden yllustrearre mei kaarten, stedsgesichten en plattegrûnen. Ferskate bekende graveurs wurken mei oan de printen, û.o. Kaerius en Visscher. De stedsgesichten en plattegrûnen lykje in soad op de printen yn 'e stêdeboeken fan Braun & Hogenberg. Dit is te ferklearjen troch it brûken fan itselde boarnemateriaal, û.o. it wurk fan Jacob van Deventer.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lodovico Guicciardini fan Wikimedia Commons. |