Luitenant-op-see 1e klasse

In luitenant-op-see 1e klasse is in haadofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers is majoar, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht squadron leader is. De oansprektitel fan in luitenant-op-see 1e klasse is "mynhear" of "mefrou". De boppelizzende rang is kaptein-luitenant-op-see, en de ûnderlizzende rang is luitenant-op-see 2e klasse. Dêrmei is luitenant-op-see 1e klasse de leechste haadofsiersrang by de marine.

By de Nederlânske marine wurdt de rang fan luitenant-op-see 1e klasse ornaris ôfkoarte ta 'LtZ1' (foar luitenant-ter-zee 1e klasse). Sa'n ofsier kin it befel fiere oer in lyts oarlochsskip, lykas in minejager, in dûkboat of in lyts befoarriedingsskip. Op middelgrutte skippen, lykas fregatten, binne de earste ofsiers en haden fan tsjinst allegear luitenant-op-see 1e klasse.

Skematysk oersjoch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e majoarsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
majoar luitenant-op-see 1e klasse majoar
of squadron leader

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-3
majoar
majoar
luitenant-op-see 1e klasse
mynhear/mefrou
(by it Korps Mariniers: majoar)
majoar
majoar
majoar
majoar

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.