Lytse apolloflinter

lytse apolloflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje paazjes (Papilionidae)
skaai echte apolloflinters (Parnassius)
soarte
Parnassius phoebus
Fabricius, 1793
IUCN-status: net bedrige

De lytse apolloflinter (Parnassius phoebus) is in soarte yn it skaai fan de echte apolloflinters (Parnassius).

De flinter komt yn Jeropa allinnich yn de Alpen foar. Yn de Frânske, Italjaanske, Switserske en Eastenrykske Alpen. De flinter is tige seldsum yn Lychtenstein en Súd-Dútslân. De flinter fljocht tusken de 1200 en 2800 meter. De measte populaasjes binne te finen tusken de 1800 oant 2200 meter. De lytse apolloflinter fljocht yn de bergen foaral op fochtige plakken. Lykas by markes en of beekjes en plakken dy tydlik oerstreame.

De flinter is bot efterútgien de lêste 25 jier. Se binne dan ek kwetsber.

De flinter fljocht fan begjin july ôf oant ein augustus.

De flinter hat syn namme te danken oan de Grykske god Apollo. Apollo is ûnder oare de god fan it ljocht.

De weardplant de Saxifraga aizoides groeit op plakken wêr't it fochtich is. It wyfke leit de aaikes op de weardplant mar ek wol yn de buert derfan. De tige jonge rûpen oerwinterje yn it aai of der bûten as in healwaaks rûp. De folwoeksen rûpen binne dofswart mei op eltse side in rige oranjereade of giele plakken. Oan it begjin fan de simmer spinne se ûnderoan de waerdplant of op de grûn in kokon om harren dêryn te ferpopkjen.

In lytse Apolloflinter yn Eastenryk