Löf

Löf
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
ferbânsgemeente Rhein-Mosel
Stedsyndieling 2 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 1.453 (31.12.2021)
Oerflak 5,34 km²
Befolkingsticht. 272 ynw./km²
Hichte 85 m.
Oar
Postkoade 56332
Koördinaten 50° 14' N 7° 26' E
Offisjele webside
www.loef-kattenes.de
Kaart
Löf (Rynlân-Palts)
Löf

Löf is in Ortsgemeinde oan de Mûzel yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

De Ortsgemeinde bestiet út twa dielen, nammentlik Löf en Kattenes. Löf hat 1.456 ynwenners (2022).

De hjoeddeiske Ortsgemeinde ûntstie op 31 desimber 1975 troch gearfoeging fan Kattenes, Löf en Hatzenport. Hatzenport waard op 12 juny 1994 wer in aparte Ortsgemeinde.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De parochytsjerke waard foar it earst yn 1140 neamd. Oant 1803 wie it de parochytsjerke fan ferskillende omlizzende plakken, mar sûnt dat jier heart allinne noch Kattenes by de parochy. Oarspronklik wie de tsjerke oan Marije wijd en wie Sint-Lesij de twadde patroanhillige, mar sûnt 1719 is hja de earste patroanhillige fan de tsjerke.

Yn it Kehrbachtal groeit de seldsume wylde buksusstrûk.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Löf fan Wikimedia Commons.