Martin Martin

Martin Martin (Skotsk-Gaelysk: Màrtainn MacGilleMhàrtainn) (ûnder Duntulm, Isle of SkyeLonden, 9 oktober 1718) wie in Skotsk skriuwer dy it meast bekend waard mei syn wurk A Description of the Western Islands of Scotland (1703; twadde edysje 1716).[1] Dat boek is fral fan belang fanwege syn ynformaasje oer de Sint Kilda-arsjipel. Martin brocht in besite oan St Kilda yn 1697 en syn reisferslach waard ek al it jier dêrnei publisearre ûnder de titel A Late Voyage to St Kilda (1698).

Martin studeaare ôf oan de Universiteit fan Edinboarch yn 1681. Oer syn libben dêrnei is net folle bekend, útsein dat er him yn 1710 ynskreau oan de Universiteit Leien, dat er dêr ôfstudearre as doktor yn de medisinen (MD) en him neitiid nei wenjen sette yn Londen en dêr bleau oant syn dea. Hy bleau frijfeint en stoar of an Asthm yn Knightsbridge op 9 oktober 1718.[2]

Sawol Samuel Johnson as James Boswell liezen syn boek en namen in eksimplaar mei op harren ferneamde reis fan 1773. Johnson wie fan betinken dat it Martin net slagge wie om de mear nijsgjirrige kanten fan it libben yn dy tiid fêst te lizzen; hy suggerearre dat Martin gjin aan hie fan it grutte ferskil yn sosjale struktueren fan de Westerske Eilannen en it libben op oare plakken.

Martin is ek bekend fan syn iere beskriuwings fan Skotske whisky:[3]

Their plenty of Corn was such, as dispos'd the Natives to brew several sorts of Liquors, as common Usquebaugh, another call'd Trestarig, id est Aquavitae, three times distill'd, which is strong and hot; a third sort is four times distill'd, and this by the Natives is call'd Usquebaugh-baul, id est Usquebaugh, which at first taste affects all the Members of the Body: two spoonfuls of this last Liquor is a sufficient Dose; and if any Man exceed this, it would presently stop his Breath, and endanger his Life. The Trestarig and Usquebaugh-baul, are both made of Oats.[4]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Martin, Martin (1716). A Description of the Western Islands of Scotland.
  2. Domhnall Uilleam Stiùbhart, ‘Martin, Martin (d. 1718)’, Oxford Dictionary of National Biography, Oxford University Press, 2004; online edysje, jan. 2008 rieplachte 11 jan. 2014
  3. Dictionary of the Scots Language.
  4. Martin, Martin (1703). A Description of the Western Islands of Scotland. Londen, s.3