Martin van der Horst

Martin van der Horst
sporter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 2 april 1965
berteplak Heemskerk
lingte 2.14 m
gewicht 97 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Barcelona 1992, Sydney 2000
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske Spullen 1992

Martin van der Horst (Heemskerk, 2 april 1965) is in eardere Nederlânske follybalspiler. Martin van der Horst wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Hy begûn syn follybalrinbaan by Rood-Wit yn Heerhugowaard en spile dêrnei foar Bosta the Smash (Castricum, Nederlân), Anget vbk (Sweden), Dachau (Dútslân), Knack Randstad Roeselare (Belgje) en Piet Zomers Dynamo (Apeldoarn).

Martin van der Horst makke syn Olympysk debút op de Olympyske Spullen fan 1992 yn Barselona. Yn Spanje waard de Nederlânske follybalploech twadde, yn de finale waard fan Brazylje ferlern mei 3-0. Acht jier letter by de Olympyske Spullen fan 2000 yn Sydney waard er mei de Nederlânske ploech fiifde fan de tolve dielnimmende lannen. Yn totaal hat Martin van der Horst 353 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Mei de Nederlânske ploech behelle Van der Horst de folgjende resultaten:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynterlannen oersjoch NeVeBo