Mensje van Keulen yn 1983
Mensje van Keulen , skûlnamme fan Mensje Francina van der Steen , (De Haach , 10 juny 1946 ) is in Nederlânsk skriuwster .
Van Keulen har debútroman Bleekers Zomer waard tige priizge en joech har fuortendaliks in plak ûnder de literêre auteurs. Earder wie se, fan 1970 oant 1972, redakteur fan it studintewykblêd Propria Cures , neist ferhalen skreau hja doe ek al gedichten, ûnder de skûlnamme Josien Meloen. Letter siet sy mei ûnder oaren Gerrit Komrij , Theo Sontrop en Martin Ros jierrenlang yn de redaksje fan it literêre tydskrift Maatstaf .
Mensje van Keulen hat teffens in tal berneboeken skreaun.
By de Europeeske ferkiezingen 2004, de Twadde Keamerferkiezingen 2006 en ek dy fan 2014 , 2017 en 2021 wie sy listtriuwer fan de Partij voor de Dieren .
Sy hat troud west mei fotograaf Lon van Keulen, mei wa't sy in soan hat. [ 1] Wilens hat Van Keulen al jierren in relaasje mei Roel Hazewindus.
Van Keulen is goefreon fan skriuwer Maarten 't Hart ; oer him en syn foarleafde foar travesty giet it boek Geheime dame .
(b = berneboek)
Bleekers Zomer , debútroman - 1972
Allemaal tranen , ferhalebondel - 1972
Pension - 1974
Van Lieverlede , roman – 1975
Lotgevallen, balladen – 1977
Trucjes - 1977 (ûnder pseudonym Constant P. Cavalry)
De avonturen van Anna Molino – 1979
Uit de oude poepdoos – 1980 (ûnder pseudonym Josien Meloen)
Overspel - 1982
De Ketting – 1983
Tommie Station – 1985 (b) (sulveren griffel)
Je eerste jaar - 1986
Polle de orgeljongen - 1987 (b)
Engelbert – 1987
Vrienden van de maan - 1989 (b) (Nynke fan Hichtumpriis )
Van Aap tot Zet, gedichten - 1990 (b)
De lach van Schreck - 1991 (sjoch ek Max Schreck
Geheime Dame – 1992
Meneer Ratti - 1992 (k)
Snottebel Lies , gedichten - 1994 (b)
De rode strik , roman – 1994
Pas op voor Bez - 1996 (b)
Olifanten op een web ; autobiografyske roman, skreaun nei it ferstjerren fan har mem - 1997
Het vroege werk, heruitgave van werk uit de jaren zeventig – 2000
Donkere Dagen – 2000
Tien stoute katjes , ôftelfers - 2000 (b)
De gelukkige , roman – 2001
De dames en de bal - 2002
Het andere gezicht , ferhalen – 2003
Het blauw van de Monnikskap – 2003
Een opmerkelijk portret - 2003
Titus raakt zoek - 2004 (b)
Enige dagen - 2005
Alle dagen laat , deiboek 1976 - 2006
De laatste gasten - 2007
De schriften wachten - 2008
Een goed verhaal - 2009
Bobbie - 2009
De Verhalen - 2011
Liefde heeft geen hersens - 2012
Schoppenvrouw - 2016
Neerslag van een huwelijk. Dagboek 1977-1979 - 2018
Ik moet u echt iets zeggen (ferhalen) - 2020
Mensje van Keulen hat ferskate literêre prizen krigen. Ek is sy in pear kear nominearre foar in priis: