Mesenich

Mesenich
Brauweiler Hof
Brauweiler Hof
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
Sifers
Ynwennertal 294 (2021)
Oerflak 2,98 km²
Befolkingsticht. 99 ynw./km²
Hichte 92 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 05'N 7° 11'E
Offisjele webside
www.mesenich.de
Kaart
Mesenich (Rynlân-Palts)
Mesenich

Mesenich is in Ortsgemeinde yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Mesenich heart by de ferbânsgemeente Cochem en leit oan de rjochter kant fan de Mûzel.

It doarp waard foar it earst yn 1051 yn it ramt fan in skinking fan de poalske keninginne en paltsgrevedochter Richeza oan it kleaster Brauweiler by Keulen neamd. Yn it jier 1088 wijde de wijbiskop fan Trier de tsjerke fan Mesenich oan Sint-Nikolaas, de patroanhillige fan Brauweiler. De bân tusken it kleaster en Mesenich soene oant de Frânske tiid duorje.

Sint-Nikolaastsjerke

Yn de rin fan de tiid waard de Nikolaastsjerke ferskillende kearen ferboud. Yn 1200 waard de romaanske toer fernijd. Yn de 18e iuw waard it barokke skip ynwijd. Ek de altaren datearje fan dy tiid.

De Frânske besetting makke yn 1794 in ein oan it lienstelsel en dêrmei ek in ein oan de bân fan it doarp mei de abdij. Fan de bannen tusken it kleaster en Mesenich tsjûget hjoed-de-dei noch it foarse letbarokke-klassisistyske tsiendehôf (Zehthof), dat noch jimmeroan it wapen fan de abdij Brauweiler draacht.

Njonken de wynbou en de lânbou libben de ynwenners eartiids fan de skipsbou. Njonken it wapen fan Mesenich en de patroanhillige Nikolaas op it wapen ferwiist it wapen nei dy skipsbou. Tsjinwurdich libje de bewenners fan de wynbou en it toerisme.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sint-Nikolaastsjerke;
  • it Brauweiler Hof;
  • de histoaryske doarpskearn mei in grut tal fakwurkhûzen út de 15e oant de 18e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.