Mike Mignola | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Michael Joseph Mignola | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 septimber 1960 | |
berteplak | Berkeley (Kalifornje) | |
etnisiteit | Italjaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | striptekener, yllustrator | |
aktyf as | omslachûntwerper | |
jierren aktyf | 1980 – no | |
bekendste wurk(en) |
Hellboy B.P.R.D. Baltimore Joe Golem | |
prizen | 12× Eisner Award 6× Harvey Award | |
offisjele webside | ||
www.hellboy.com |
Mike Mignola (folút: Michael Joseph Mignola; útspr. efternamme: [mɪ'ɳoʊlə], likernôch: "min-joo-luh; Berkeley (Kalifornje), 16 septimber 1960) is in Amerikaansk striptekener, yllustrator en omslachûntwerper. Hy waard yn 'e 1990-er jierren bekend doe't er de tige populêre striprige Hellboy kreëarre foar útjouwerij Dark Horse Comics. Dêrnjonken is er ek de betinker fan ferskate spin-offsearjes fan Hellboy, lykas B.P.R.D., Abe Sapien, Lobster Johnson en Sir Edward Grey, Witchfinder. Fierders hat Mignola noch ferskate oare stripsearjes mei in boppenatuerlik tema makke, lykas Baltimore en Joe Golem. Ek wurke er as yllustrator mei oan 'e film Bram Stoker's Dracula, en wied er belutsen by ferskate oare filmproduksjes, wêrûnder de adaptaasje fan Hellboy út 2004, it ferfolch dêrop út 2008 en de remake út 2019.
Mignola waard yn 1960 berne yn Berkeley, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hy is fan etnysk Italjaansk komôf. Hy folge in oplieding oan it Kalifornysk Kolleezje fan 'e Keunsten (CCA), dêr't er yn 1982 ôfstudearre mei in bachelorgraad yn yllustrearjen.
Twa jier earder, yn 1980, sette Mignola syn karriêre útein mei yllustraasjes yn it stripblêd The Comic Reader. Nei't er syn oplieding ôfrûne hie, fûn er yn 1983 wurk by de bekende útjouwerij fan strips Marvel Comics, dêr't er as ynkleurder wurke oan striprigen lykas Daredevil en The Incredible Hulk. Yn 1987 begûn er ek te wurkjen foar konkurrint DC Comics, dêr't er de stripsearjes Phantom Stranger en World of Krypton makke. Mei tekstskriuwer Jim Starlin produsearre Mignola yn 1988 fierders de koarte searje Cosmic Odyssey. By de lêzers krige er foar it earst bekendheid doe't er de omslachtekenings makke foar ferskate Batman-albums, wêrûnder Batman: A Death in the Family en Dark Knight, Dark City. Mei tekstskriuwer Brian Augustyn produsearre er yn 1989 fierders it op himsels steande Batman-ferhaal Gotham by Gaslight.
Yn 'e iere 1990-er jierren wurke Mignola benammen oan omslaggen en eftergrûnen fan stripplaatsjes foar sawol Marvel as DC Comics. Yn 1994 brocht er by Dark Horse Comics it album Hellboy: Seed of Destruction út, in projekt dat er sels betocht en yn eigendom hie. Hy skreau it senario ek sels, mar liet de dialooch bewurkje troch John Byrne. Hellboy waard in daverjend súkses dat de namme fan Mignola grutte bekendheid joech ûnder Amerikaanske striplêzers. Hy wûn der sawol syn earste Eisner Award as syn earste Harvey Award mei, beide yn 'e kategory bêste striptekener. Fan it twadde diel út 'e rige ôf, The Wolves of Saint August (1994), makke Mignola it hiele ferhaal sels, de dialooch ynbegrepen. De iennichste útsûndering dêrop is They That Go Down to the Sea in Ships (2007), dat er tegearre skreau mei Joshua Dysart.
Makoma (2006) wie it earste Hellboy-ferhaal dat net troch Mignola tekene waard, mar troch Richard Corben. Neitiid waarden benammen de flashbackferhalen út 'e rige geregeldwei troch oare striptekeners makke, lykas Corben, Jason Shawn Alexander, Kevin Nowlan en Scott Hampton. Yn 2007 naam Duncan Fegredo it tekenjen fan 'e haadferhaallinne fan 'e Hellboy-searje oer, sadat Mignola him oan oare projekten wije koe. De Hellboy-rige smiet ek in stikmannich spin-offsearjes op, wêrûnder B.P.R.D. (koart foar Bureau for Paranormal Research and Defense; fanôf 2002), Lobster Johnson (fanôf 2007), Abe Sapien (fanôf 2008), en Sir Edward Grey, Witchfinder (fanôf 2008). Dêrnjonken wiene der noch ferskate spin-offs dy't mar ien inkeld stripalbum omfiemen.
Los fan 'e Hellboy-franchise produsearre Mignola yn 'e mande mei Christopher Golden ek inkele oare stripsearjes mei in boppenatuerlik tema dy't dêr net oan besibbe binne, lykas Baltimore (fanôf 2007) en Joe Golem: Occult Detective (fanôf 2012). Ek hat er yllustraasjes foar wurk fan oaren makke. Sa tekene er yn 2008 foar útjouwerij Subterranean Press plaatsjes by it koarte ferhaal Backup fan skriuwer Jim Butcher, dat ta de Dresden Files-romansearje heart. Yn totaal hie Mignola anno 2019 6 kear in Harvey Award, 8 kear in Eagle Award en 12 kear in Eisner Award wûn.
Underwilens wie Mignola yn 1991 by de tillefyzje behelle rekke as ûntwerptekener foar de tekenfilmsearje Batman: The Animated Series. Yn 2006 waard syn eigen tekenfilmsearje The Amazing Screwed-On Head op it Sci Fi Channel útstjoerd. By de filmyndustry rekke Mignola foar it earst yn 1992 belutsen, doe't er as yllustrator meiwurke oan 'e produksje fan 'e horrorfilm Bram Stoker's Dracula, fan regisseur Francis Ford Coppola. Yn 2001 wied er produksje-ûntwerper foar de Disney-film Atlantis: The Lost Empire, en 2002 hied er de funksje fan konseptkeunstner by de produksje fan 'e film Blade II, ûnder rezjy fan Guillermo del Toro. Dyselde adaptearre Hellboy yn 2004 ta de film Hellboy. Mignola wie dêr nau by belutsen, en ek by it ferfolch Hellboy II: The Golden Army, út 2008, en de remake Hellboy, út 2019. Mignola wurke yn 2012 ek mei oan 'e produksje fan 'e Pixar-film Brave.
Sjoch foar de folsleine en by de tiid holden bibliografy fan Mike Mignola op dizze side op 'e Ingelske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|