Mike Shepherd

Mike Shepherd
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mike Moscoe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 augustus 1947
berteplak Philadelphia (Pennsylvania)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction
bekendste
  wurk(en)
Kris Longknife-searje
Vicki Peterwald-searje
útjouwer Ace Books
jierren aktyf 1996 – no
offisjele webside
www.mikeshepherd.org

Mike Shepherd (pseudonym fan Mike Moscoe; Philadelphia (Pennsylvania), 2 augustus 1947), is in Amerikaansk skriuwer fan science fiction-boeken, dy't al jierren yn Vancouver, yn 'e steat Washington wennet. Hy komt út in marinefamylje en wurke lang foar de Amerikaanske oerheid. Pas djip yn syn middeljierren sette Shepherd útein mei in karriêre as skriuwer, en nei in falske start doe't er ûnder syn eigen namme skreau, briek er yn 2004 troch ûnder in pseudonym, mei de Kris Longknife-rige.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mike Shepherd waard yn 1947 berne yn Philadelphia, yn 'e steat Pennsylvania. Hy komt út in famylje dy't nauwe bannen hat mei de Amerikaanske Marine, en ferhuze en reizge sadwaande as bern al in soad. Pas op 'e middelbere skoalle makke er foar it earst in skoaljier ôf op deselde skoalle dêr't er it begûn wie. As folwoeksene wurke Shepherd as barkeeper, taksysjauffeur, personielsadviseur en fakbûnsûnderhanneler. Uteinlik krige er in baan by de Amerikaanske oerheid, as kompjûterekspêr en ûntwerper fan databases oangeande bedrige bistesoarten yn it Amerikaanske Noardwesten.

Yn maart 1991 publisearre er syn earste proaza, in koart ferhaal mei de titel Summer Hopes, Winter Dreams, yn it tydskrift Analog Magazine. Fiif jier letter, yn 1996, kaam syn earste roman First Dawn út, folge troch Second Fire yn 1997 en Lost Days yn 1998. Fan dy trije boeken, dy't mei-inoar de Lost Millennium-trilogy foarmje, waarden yn totaal justjes mear as 20.000 eksimplaren ferkocht, wat tige teloarstellende ferkeapsifers binne foar de Ingelsktalige merk. Syn útjouwer rette him doe oan om fan (sub)sjenre te feroarjen, en tenei militêre science fiction te skriuwen. Shepherd syn folgjende trilogy, The First Casualty (1999), The Price of Peace (2000) en They Also Serve (2001), die it better, mei 10.000 ferkochte eksimplaren per boek, mar noch altyd minder goed as dat er hope hie. Wol waard Shepherd yn 2000 nominearre foar in prestizjeuze Nebula Award foar syn ferhaal A Day's Work on the Moon.

Om mei syn folgjende rige mei in skjinne lei te begjinnen, naam er doe, op 'e nij op oanrieden fan syn útjouwer, it pseudonym Mike Shepherd oan. Under dy namme kaam yn 2004 it earste diel fan 'e Kris Longknife-searje út, Kris Longknife: Mutineer. Dêrmei hie Shepherd fuortendaliks folle grutter súkses as mei syn eardere boeken. De searje rint noch altyd, en der wiene begjin 2020 njoggentjin romans yn ferskynd. De Kris Longknife-boeken binne science fiction-wurken dy't yn 'e fiere takomst spylje, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat. Se ferhelje oer de aventoeren fan de jonge (romte)marinekadet Kris Longknife, de dochter fan ien fan 'e rykste en meast foaroansteande famyljes út it hiele minsklike hielal, oer har persoanlike wrakseling mei de ferwachtings fan har famylje en oer har striid tsjin in ferskaat oan fijannen, fan minsklike ymperialisten en piraten oant bûtenierdske smjunten. Resinsinte Liz Bourke kwalifisearre de Kris Longknife-rige yn in boekbesprek op 'e webside fan Tor Books as "yntellektueel lichtgewicht", mar "kleverich fermaaklik". Njonken de romans ferskynden yn 'e foarm fan e-boeken in stikmannich novelles en koarte ferhalen oer Kris Longknife, dêr't Shepherd ferskate lytse leechtes yn 'e ferhaalstruktuer fan 'e rige mei opfolle. Yn 2014 gie boppedat in spin-off-rige fan start dy't draait om in oare miljardêrsdochter, Kris Longknife har rivale Vicky Peterwald.

Mike Shepherd, dy't no mei pinsjoen is, wennet mei syn frou Ellen yn 'e stêd Vancouver, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Washington, dat in foarstêd fan Portland, yn Oregon is. Dêr is er deunby syn dochter en pakesizzers, en besteget er syn tiid oan lêzen, skriuwen, deidreamen, boartsjen mei syn pakesizzers en ompielen mei syn kompjûter. Syn boeken binne ûnderwilens útkommen yn oersettings yn it Japansk, Dútsk, Poalsk en Spaansk.

  • de Lost Millennium-trilogy (skreaun as Mike Moscoe)
    • 1996 – First Dawn
    • 1997 – Second Fire
    • 1998 – Lost Days
  • oar wurk
    • romans en novelles
      • 2004 – Patriot's Stand (in Battle Tech-roman; skreaun ûnder de namme fan Mike Shepherd)
      • 2022 – The South Shall Rise Again
    • ferhalebondels
      • 2011 – A Day's Work on the Moon: A Collection of Short Stories (ferhalebondel; skreaun ûnder de nammen fan Mike Shepherd en Mike Moscoe)
      • 2012 – The Job Interview: A Collection of Short Stories (ferhalebondel, skreaun ûnder de nammen fan Mike Shepherd en Mike Moscoe)
      • 2012 – The Strange Redemption of Sister Mary Ann: A Collection of Short Stories (ferhalebondel, skreaun ûnder de nammen fan Mike Shepherd en Mike Moscoe)
  • 2020 – Writing with Mike Shepherd

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2000 Nebula Award nominearre bêste koarte novelle A Day's Work on the Moon

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, About the Author, yn: Shepherd, Mike, Kris Longknife: Relentless, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 52 901, s. 371.

Foar oare boarnen, sjoch ûnder: References, op dizze side.