NRC (fan 1970 oant 25 april 2022 NRC Handelsblad, is in Nederlânsk deiblêd.[1] De krante hat de statuer fan in kwaliteitskrante en wurdt tradisjoneel beskôge as in deiblêd fan liberale sinjatuer.[2] De haadredaksje siet yn it earstoan yn Rotterdam, mar ferhuze yn 2012 nei Amsterdam ta.[3].
De krante ferskynde foar it earst op 1 oktober 1970, nei in fúzje fan it Algemeen Handelsblad (oprjochte yn 1828 yn Amsterdam) en de Nieuwe Rotterdamsche Courant (oprjochte yn 1843 yn Rotterdam).[4] Om de oarspronklike abonnees fan de fusearjende kranten oan de fúzje wenne te litten wiene der de earste tiid twa edysjes: NRC Handelsblad, mei in spesjale side Rotterdams nijs, en Handelsblad NRC, wêryn't in Amsterdamske side opnomd wie. Dizze lêste titel waard yn maaie 1972 skrast.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|