Nederlânsk Filmfestival Nederlands Filmfestival | ||
![]() | ||
plak en tiid | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
tiid fan it jier | septimber/oktober | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Nederlânske Filmdagen | |
ôfkoarting | NFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1981 – no | |
oprjochter | Jos Stelling | |
offisjele webside | ||
www.filmfestival.nl |
It Nederlânsk Filmfestival (Nederlânsk: Nederlands Filmfestival), ôfkoarte ta NFF, is in filmfestival dat elts jier yn septimber en/of oktober holden wurdt yn 'e Nederlânske stêd Utert. It bestiet sûnt 1981 en stie foarhinne bekend ûnder de namme fan Nederlânske Filmdagen. It evenemint beslacht in breed oanbod fan films, mar dêrnjonken ek tillefyzjeprogramma's en ynteraktive produksjes. Op 'e edysje fan 2016 kamen mear as 150.000 besikers ôf. Op it Nederlânsk Filmfestival wurde de Gouden Keallen útrikt, dat de wichtichste Nederlânske prizen op it mêd fan film binne.
It Nederlânsk Filmfestival waard yn 1981 oprjochte troch de út Utert ôfkomstige regisseur Jos Stelling, dy't dêrby stipe waard troch inkele ynfloedrike persoanen út 'e Nederlânske filmyndustry: Wim Verstappen, Rob Houwer en Huub Bals. Oant en mei 1992 fûn it filmfestival plak ûnder de namme fan Nederlânske Filmdagen (Nederlânsk: Nederlandse Filmdagen), en pas mei yngong fan 'e edysje fan 1993 krige it syn hjoeddeistige namme.
Yn 'e begjinjierren wie it Nederlânsk Filmfestival fral in platfoarm foar ûnderlinge konkelderij binnen de Nederlânsk filmwrâld. Dat stadium ûntwoeks it lykwols fluch. Oarspronklik waard it festival holden yn Filmtheater 't Hoogt, mar dat wie al gau te lyts. Dêrop waarden Camera en City fan Wolff Bioscopen by it evenemint lutsen, letter folge troch Pathé Rembrandt Utrecht, it Louis Hartlooper Complex, de Stedsskouboarch, TivoliVredenburg, CineMec Leidsche Rijn en Kinepolis.
It Nederlânsk Filmfestival omfettet op it mêd fan film in breed oanbod, dat sawol lange as koarte films beslacht, sawol mainstream films as filmhûsfilms, en fierders ek tekenfilms en dokumintêres. Njonken films rjochtet it festival him, nettsjinsteande de namme, ek op twa oare 'pylders': tillefyzje en ynteraktyf. Under tillefyzje falle behalven tillefyzjesearjes ek dokumintêres dy't spesifyk foar útstjoering op 'e tillefyzje makke binne. Under ynteraktyf wurde fideospultsjes beflapt en alle projekten op it mêd fan interactive storytelling.
Njonken hûnderten filmfertoanings steane elts jier by it Nederlânsk Filmfestival ek oare eveneminten op it programma, wêrûnder diskusjegearkomsten, workshops, masterclasses en besletten konferinsjes. De organisaasje besiket foar jong en âld wat ynteressants te programmearjen. It Nederlânsk Filmfestival wol fierders sawol de filmyndustry betsjinje as it bredere publyk, en nij talint en studinten fan 'e filmakademy de kâns biede om oansluting by de filmwrâld te finen.
Op it Nederlânsk Filmfestival wurde al sûnt de earste edysje fan it evenemint, yn 1981, de Gouden Keallen útrikt, de wichtichste Nederlânske prizen op it mêd fan film. Dêrnjonken fynt op it festival ek de útrikking plak fan ferskate oare prizen:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |