Nederlânsk Militêr Ordinariaat

Nederlânsk Militêr Ordinariaat
Basisgegevens
Tsjerkeprovinsje immediatum
Hiemside bisdom-krijgsmacht.nl
Skiednis
Oprjochting 16 april 1957
Stifter paus Pius XII
Hierargy
Biskop Everard de Jong

It Nederlânsk Militêr Ordinariaat is in militêr bisdom, dat de pastorale soarch fersoarget foar katoliken yn de Nederlânske striidkrêften.

It Nederlânsk Militêr Ordinariaat waard op 16 april 1957 troch paus Pius XII stifte as militêr fikariaat. Neffens in mienskiplik beslút fan de Hillige Stoel en Nederlân is de sit fan it Nederlânsk Militêr Ordinariaat yn De Haach. Paus Jehannes Paulus II joech it op 12 july 1986 mei de apostoalyske konstitúsje Spirituali militum curae de status fan bisdom.

It Nederlânsk Militêr Ordinariaat is as immediatum streekrjocht ûnderwurpen oan it gesach fan de paus.

Militêre biskoppen
nûmer namme amt fan oant
1 Bernardus Alfrink aartsbiskop fan Utert 1957 1975
2 Johannes Willebrands aartsbiskop fan Utert 6 desimber 1975 22 novimber 1982
3 Philippe Bär biskop fan Rotterdam 22 novimber 1982 13 maart 1993
4 Jos Punt
(apostoalysk administrator)
biskop fan Haarlim-Amsterdam 1 april 1995 1 juny 2020
5 Everard de Jong (apostoalysk administrator) wijbiskop in Roermond 1 juny 2020
Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân
Jeropeesk Nederlân Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom BredaBisdom De BoskBisdom Grins-LjouwertBisdom Haarlim-AmsterdamBisdom RoermondBisdom RotterdamNederlânsk Militêr Ordinariaat
Karibysk Nederlân Bisdom Willemstêd
Eardere bisdommen Bisdom DimterBisdom LjouwertBisdom MaastrichtBisdom Middelburch
· · Berjocht bewurkje