Nickenich

Nickenich
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
ferbânsgemeente Pellenz
Sifers
Ynwennertal 3.621 (31.12.2022)[1]
Oerflak 16,58 km²
Befolkingsticht. 218 ynw./km²
Hichte 210 m.
Oar
Postkoade 56645
Koördinaten 50° 24' N 7° 19' E
Offisjele webside
www.nickenich.de
Kaart
Nickenich (Rynlân-Palts)
Nickenich

Nickenich is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Nickenich foarmet mei fjouwer oare ortsgemeinden de ferbânsgemeente Pellenz fan 'e lânkring Mayen-Koblenz.

It plak leit yn 'e Fulkaaneifel oan 'e Laacher See (himelsbreed trije km fan it sintrum) en sân km fan Andernach.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e westllike râne fan Nickenich waard oan 'e Laacher Straße in gallo-romeinsk grêf út de 1e iuw nei Kristus rekonstruearre, de saneamd Tumulus fan Nickenich.

Fan 'e op 'e resten fan in Romeinske filla boude 13e-iuwske stifte parochytsjerke (yn 1842 ôfbrutsen) bleau de romaanske toer bewarre. De hjoeddeiske parochytsjerke waard troch Johann Claudius von Lassaulx ûntwurpen. De tsjerke waard yn 1848 foltôge en is oan Arnulfus fan Metz wijd. De tsjerke fertsjintwurdiget in mingstyl fan neoromaanske en klassisistyske boufoarmen en wurdt mei troch de kombinaasje fan ferskillende soarten natoerstien út de krite as ien fan 'e moaiste ûntwerpen fan 'e arsjitekt beskôge. Fanwegen de grutte ôfmjittings fan it gebou wurdt de tsjerke ek wol de Pellenzdom neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: