| |||||
Gemeente | Súdwest Fryslân | ||||
Ynwennertal (2006) | 1023 | ||||
Webstee | http://nijland.wiaf.nl |
Nijlân is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Nijlân yn de gemeente Wymbritseradiel. Terra Nova, sa't Nijlân mear as 700 jier lyn wol neamd waard leit tusken by de A7 tusken Boalsert en Snits. It doarp hat likernôch 1023 ynwenners (2006). Op it doarpswapen stean twa oksekoppen dy't mei in keatling oan inoar keppele binne. Neffens de leginde is it doarp ûntstien troch twa oksen dy't it úteinlike stee fan 'e tsjerke bepaalden.
It âldste diel fan it doarp om de herfoarme tsjerke is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Dy kwalifikaasje is ûnder oare fertsjinne omdat om de tsjerkegrêft dy't hielendal om it tsjerkhôf leit. Yn it jier 2000 bestie Nijlân 725 jier.
It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. It Nijslân is de doarpskrante. Basisskoalle De Earste Trimen sit mei jeugdhonk De Pallet yn it multyfunksjonele sintrum De Mande. Elts jier wurd op Peaskemoandei yn De Mande Aaipop hâlden, it grutste Frysktalige popfestival.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |