Rona (Rònaigh) is in fier bûtenút lizzend Skotsk eilân yn it noarden fan de Atlantyske Oseaan. Rona wurdt ek faak oantsjutten as Noard Rona om ûnderskied te meitsjen mei Súd Rona (in eilantsje yn de Binnen-Hebriden). It hat in oerflak fan 109 ha en it heechste punt is 108 m [1]
Rona leit 71 noard noardeast fan Butt of Lewis en 18 km be-easten Sula Sgeir. It is it fierst bûtenút lizzende Britske eilân dat langere tiid bewenne west hat. It is ek de neiste buoreilân fan de Faeröer(eilannen). Omdat it sa lyts is en sa fier út de kust leit komt it faak net op kaarten fan it Feriene Keninkryk foar.
Rona soe it wenplak west hawwe fan Sint Ronan yn de 8e iuw. It eilân wie bewenne oant koart nei 1685. Doe is de befolking fan 30 minsken stoarn nei in ynvaazje fan rôten, fermoedlik de Swarte Rôt (Rattus rattus), dy't fan in fergien skip kaam wienen. De ratten frieten de nôtfoarrie op dat it kin wêze dat de minsken doe ferhongere binne, hoewol't de pest harres der ek ta dien hawwe kind. Men wit dat der dat jier gjin skippen it eilân oandien hawwe. De rôten binne sels dêrnei ek ferhongere omdat hja út reden fan de hege weagen net by it iten oan de wetterline komme koene. [2]
Rona rekke opnij bewenne, mar yn 1695 ek al wer ûntfolke, nei in tragysk boatûngemak waard ornearre. Doe wiene it allinne noch harders en harren húshâldings dy't dêr taholden, oant 1844, doe waard Rona foar altyd ferlitten. Sir James Matheson, dy't Lewis yn 1844 kocht hie, bea oan om fan Rona in strafkoloanje te meitsjen. It regear wegere it oanbod lykwols.
Rona bleau ûnbewenne, útsein fan de skiep fan de boeren fan it eilân Lewis en útsein fan in koart skoft yn 1884–1885. Yn juny 1884 setten twa manlju fan Lewis, Malcolm MacDonald en Murdo Mackay, ôf nei Rona om op harren skiep dêr te passen. It praat gie dat hja skeel hiene mei de dûmny fan de peatslike tsjerke. Yn augustus wie alles noch ynoarder mei de manlju fernijden seelju dy't dêr west hiene; hja wegeren ek om mei werom nei Lewis. Yn april 1885 die lykwols bliken dat hja siik wurden wiene en yn de winter al stoarn wiene.
Yn de Earste Wrâldkriich lei de kaptein fan de Dútske U-boat U-90, Walter Remy, at it waar it taliet, by syn patrûljes oan by Noard Rona. De bemanning skeat dêr dan skiep om sa oan fask fleis te kommen.[3]
It eilân waard ek noch tydlik bewenne troch skriuwer en natoerbeskermer Frank Fraser Darling en syn húshâlding yn 1938/39. Hja bestudearren dêr de Grize seehûn en de seefûgels dy't dêr briede.
It eilân draacht noch hieltyd de ruïnes fan St Ronan's kapel. Eigner is Scottish Natural Heritage. Fierders is Rona in natoerreservaat út reden fan de wichtige koloanjes seefûgels en Grize Seehûnen dy't it hat. Rona en Sula Sgeir binne de minst besochte natoergebieten fan Brittanje.[4]
Rona hat in automatysk ljochtbeaken dat op ôfstân beheard wurdt troch de Northern Lighthouse Board.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |