Noardbroek

Noardbroek
Noordbroek
Skoalmasterswente út 1700
Skoalmasterswente út 1700
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal 1.880 (1 jannewaris 2021) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12' NB, 6° 52' EL
Kaart
Noardbroek (Grinslân)
Noardbroek

Noardbroek (Nederlânsk en offisjeel: Noordbroek; Grinslânsk: Noordbrouk) is in Nederlânsk doarp yn Grinslân, ûntstien yn de iere midsiuwen. It doarp leit yn de Grinslanner gemeente Midden-Grinslân. Yn 2019 hie it 1.880 ynwenners.

Under Noardbroek falle de buorskippen Stootshorn, Korengarst en Noardbroeksterhamrik, en de eardere buorskippen Noardbroeksterfean, Veenhuizen, Westfalen en Zuiderveen. De earste trije buorskippen foarmen sûnt 1660 it kerspel Noardbroeksterhamrik. Yn it bûtengebiet waard ûnderskied makke tusken Zuiderklei (tsjinoer Zuiderveen), Evenreiten, Bovenland, Bovenmeerland en De Kampen. De Noardbroekstermar waard om 1612 droechlein.

Noardbroek hie yn de achttjinde iuw tsien buertgilden, wêrûnder Broodhörn, Achteromshörn, Pijpkergilde, Torengilde en Moushörn. De earste wie in buertsje oan de dyk nei Súdbroek, de lêste in buertsje oan de noardkant fan de tsjerke.

De lege klaaigrûnen by Noardbroek waarden al ier bemeald. Yn de himrik fan Noardbroek ûntstiene de wetterskippen Westerschemolenpolder (1798, foar in part), Evenreitstermolenkolonie (1799), Roodetilsterpolder (1799), Noordermolenkolonie (1801), Korengarst (1804/1894), Legemeedsterpolder (1842), De Bolderij (1863), Stootshorn (1885), De Kampen (1884/1888) en Waterkampen (1889).

Fan 1811 oant 1 july 1965 wie Noardbroek in selsstannige gemeente. Fan dy datum ôf foarme Noardbroek mei Súdbroek de gemeente Oosterbroek, dy’t yn 1989 fusearre mei Muntendam en Meeden ta de gemeente Menterwâlde. De gemeente Menterwâlde gyng op 1 jannewaris 2018 op yn de nije gemeente Midden-Grinslân.

Noardbroek leit oan de noardkant fan de A7 en bewesten fan de N33. Fan 1910 oant 1934 hie it doarp in spoarstasjon oan it spoar Súdbroek–Delfsyl fan de Noordoosterlocaalspoorweg-Maatschappij.

Kaart fan de eardere gemeente Noardbroek út 1867.

Noardbroek is in feanoanmakdoarp út de tsiende of alfde iuw, dat nei alle gedachten fan de ouwers ôf fan inkelde streamkes ûntstien is. It wurd -broek yn de namme ferwiist nei de boaiemtastân: moerassige grûn. Oant ûngefear de fjirtjinde iuw lei Noardbroek fierder nei it easten. Fanwegen wetteroerlêst en stoarmfloeden sochten de bewenners de hegere grûnen op. Oant om 1900 hinne waarden de sânikkers fan elkoar skieden troch begroeide houtwâlen of klingen. Dochs skine ek de legere stikken fan it doarp bewenne bleaun te wêzen, sels neidat de Dollard hjir in klaailaach ôfsetten hie.

Oer in eardere tsjerke is neat bekend. Acker Stratingh en Venema kartearje in âld tsjerkhôf oan de Pastorijwei. Ek it toponym Oudehoff liket dêrop te wizen. Dêrneist binne der oanwizings foar in âlder tsjerkegebou yn Rommelskerken by Korengarst. Oer de midsiuwen is net folle bekend. Der binne gjin dúdlike spoaren fan stienhuzen fûn. Wol stie der nei alle gedachten in stienhûs oan de Grachtleane. Dit sil it wenstee fan in sekere Remben Gockinga wêze, dy't yn 1441 neamd wurdt. Yn de santjinde iuw stie hjir in hûs dat Bouckenborg neamd waard.

Yn 1401 waard Noardbroek straft omdat it partij keazen hie foar de Gockinga's. De pleatsen waarden plondere, de tsjerke yn de brân stutsen. Fiif gouden skrinen waarden stellen, wylst de mistsjelken en kazuifels proai waarden fan de flammen. In nôtmulder wurdt neamd yn 1548. Al yn de santjinde iuw hie it doarp twa skoallen: de iene oan de râne fan it tsjerkhôf, de oare midden yn it doarp en mei in eigen klokketoer. Letter hie it doarp ek in rjochthûs.

Der stiene meardere bûtens. De âldste wie “Veenhuizen” yn Stootshorn, neamd omtrint 1650, en troch de tiid eigendom fan de famyljes Van Hoorn, Munninghe, Van Sijsen en Gockinga. De grutte bosken en wetterpartijen wiene der noch yn de njoggentjinde iuw. Ungefear oan it begjin fan de Oosterstraat stie it “Noorderhof” fan de famylje Wolters. Fierders hie de famylje De Veencamp hjir om 1750 hinne in bûtenpleats mei swiere ikebeammen, iperen en esken.

Yn de achttjinde iuw waard úteinset mei it oanmeitsjen fan it heechfean. Net allinnich Stootshorn ûntwikkele him ta in doarpke, ek op it Zuiderveen waard – teminsten sûnt 1761 – in stik of tsien huzen boud, dy’t meast nei 1950 wer ferdwûn binne. De bebouwing folge in let-midsiuwsk feandykje (Lutke Borg) bylâns de Burgsleat, dy’t fan de Sijpe ôf nei alle gedachten trochrûn yn de rjochting fan Súdbroek.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerke fan Noardbroek
Nôt- en pelmûne De Noordstar
Noardbroek, Haadstrjitte 100
  • De tsjerke fan Noardbroek, in midsiuwske let-romanogoatyske krústsjerke mei in lossteande romaanske toer, beide boud yn de earste helte fan de 14e iuw, en herfoarme pastorij út 1822 mei Ingelske tún
  • Minniste tsjerke fan 1811 mei pastorij
  • Eardere doarpsgerberch 'Wapen van Noordbroek', datearjend út de 17e iuw
  • Underwizerswente út 1811 oan de Haadstrjitte 26 mei klokketuorke en klokkespul
  • De Noordstar, in út 1849 datearjende pel- en nôtmûne
  • De Noardermole, in restaurearre poldermole efkes beëasten Noardbroek op it Noardbroeksterhamrik
  • In tal monumintale pleatsen fan it Oldambster pleatstype

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne

Wenne

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Midden-Grinslân
Doarpen:
Borgercompagnie (foar in part)FoxholFroomboschHarkstedeHegesânHellumKiel-WindeweerKolhamKropswoldeLuddeweerMeedenMuntendamNoardbroekOverschildSappemeerScharmerSchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroekTripscompagnie (foar in part)TjuchemWaterhuizenWesterbroekWoudbloem
Utbuorrens & buorskippen:
AchterdiepBeneden VeenslootBlokumBorgweg (foar in part)BokhörnBoven Veensloot (foar in part)BovenstreekDenemarkenDuurkenakkerEelshuisFoxhamFoxholsterboschGaarlandGaarveenDe HammenHeidenschapJagerswijkKalkwijkKlein Harkstede (foar in part)KleinemeerKorengarstKostverlorenLagelandLangewijkLulaMartenshoekMedumertolNieuwe CompagnieNoordbroeksterhamrikOostwoldOude VerlaatDe PaauwenRoeksweerRuitenSchaaphokSiddebuursterveenSpitsbergenStootshornTusschenloegenTussenklappenUiterburenHet Veen't VeenWesteindWilderhofWindeweerWolfsbargeZandwerf
· · Berjocht bewurkje