Numidysk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Aldlibysk | |
lânseigen yn | Numydje | |
tal sprekkers | útstoarn | |
skrift | Proto-Tifinagh | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Afro-Aziatysk ● Libysk-Berbersk ● Numidysk | |
dialekten | net bekend | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | nxm |
It Numidysk, of ek wol Aldlibysk, wie de taal fan de Massyljers yn it eastlike part fan it âlde Numydje fan foar de Romeinske tiid yn hjoeddeistich Tuneezje en eastlik Algerije.
Der is net folle fan de taal oerbleaun, mar men is it der wol oer iens dat it ta de Afro-Aziatyske taalfamylje hearde. Om't de Massyljers in Berberske stamme wie, wurdt der fan útgien dat it Numidysk in Berbertaal wie. De Berberske takke fan de Afro-Aziatyske talen wurdt ek wol Libysk-Berbersk neamd, om't it net wis is oft it Numidysk ûnder de Berbertalen falt of as it in "sustertaal" wie. It is mooglik dat it Numidysk in eigen takke foarme om't der gjin namfallesysteem wie sa as dy by de hjoeddeistige Berbertalen. Dochs it Protoberbersk hie ek gjin namfallen.